DOEL
De Sybren Hellinga Keunstpriis is neamd nei de galeryhâlder Sybren Hellinga (1926-2000). Hellinga dreau in ideële galery oan ‘e Haadstrjitte 70, it hjoeddeistige Keunsthûs SYB, op ‘e Sweach.
Sybren Hellinga Stichting
Nei syn ferstjerren liet Hellinga in pân en in beskieden fermogen nei oan de Sybren Hellinga Stichting. It pân moast in frijplak wurde dêr’t talint kompromisleas ta ûntjouwing komme koe. De Sybren Hellinga Keunstpriis wurdt mooglik makke tanksij dy stifting, dy’t de priis ynstelt. De Sybren Hellinga Stichting leit de organisaasje fan de priis âlderwenst del by Keunsthûs SYB.
Keunsthûs SYB
Keunsthûs SYB is in artist residency yn in monumintaal pân yn ‘e buorren fan Beetstersweach. Op grûn fan in projektútstel nûget Keunsthûs SYB hjoeddeistige keunstners út om yn in projektperioade fan seis oant acht wiken yn it hûs te wenjen en te wurkjen. Dêrby leit de klam op nije gearwurkingsferbannen, ûndersyk en eksperimint. Keunsthûs SYB siket jimmeroan om nije wizen fan stipe oan jonge hjoeddeistige keunstners yn harren ûntjouwing, sawol yn as bûten de programmearring, en docht itselde oangeande jonge kurators en skriuwers (keunstkritisy).
De Sybren Hellinga Keunstpriis
De Sybren Hellinga Keunstpriis wurdt sûnt 1998 om ‘e trije jier útrikt. De priis is ornearre foar keunstners dy’t oan it begjin fan harren karriêre stean (dat betsjut dat hja net langer as fiif jier ôfstudearre wêze meie oan in earstefazekeunstakademy of, yn it gefal fan autodidakten, net langer as fiif jier profesjoneel wurksum wêze meie). Dênjonken is it in betingst dat hja wenje en wurkje yn Nederlân. Keunstners kinne har by eltse edysje yn in beskate perioade opjaan foar de priis.
Út alle ynstjoerings wurdt troch de seleksjekommisje in longlist gearstald en dêrnei troch in sjuery in fiiftal nominearren. Dy kandidaten bouwe yn de earste wike fan oktober in eksposysje op yn it pân fan Keunsthûs SYB. Artistyk lieder Maritt Kuipers sil as kurator it opbouwen fan de eksposysje begeliede. It wurk dat de nominearre keunstners yn SYB opbouwe, wurdt dêrnei troch de profesjonele sjuery beoardiele. Oan de hân fan dy beoardieling wurdt in winner keazen.