17 October 2016
Ynterview mei de sjuery
Alix de Massiac
De seiskoppige programmearringskommisje fan Keunsthûs SYB selektearre út de 179 ynstjoerings in longlist fan 26 keunstners. Dy programmearringskommisje, dy’t ek de rest fan de programmearring fan Keunsthûs SYB foarmjout, bestiet út keunstners, kurators en kritisy. Hja stean tanksij harren deistige belutsenens garant foar it keurmerk fan Keunsthûs SYB, dat him as residinsje benammen rjochtet op keunstners dy’t sterk ûndersyksmjittich wurkje en iepenstean foar eksperimint. Dêrnjonken hawwe hja in unike, útbalansearre gearstalling op ’t each, tanksij harren útienrinnende eachweid en eftergrûn.
Sûnt it ûntstean fan de Sybren Hellinga Keunstpriis is de sichtberens en it belang fan Keunsthûs SYB foar de saneamde humuslaach oanwoeksen. De sjuery wol der graach de klam op lizze, dat njonken de residinsjes, dy’t in protte jonge keunstners de finansjele en fysike romte jouwe om nij wurk te ûntwikkeljen, de priis de krekte timing hat om it selsfertrouwen en de enerzjy oan de winnende keunstner te jaan. Dat yn tsjinstelling ta it grutste part fan de oare prizen, dy’t har rjochtsje op keunstners dy’t al mear namme hawwe. Dêrnjonken is de tentoanstelling in goede gelegenheid foar de shortlist-keunstners om har ta harren wurk, inoar en de keunstwrâld te ferhâlden. Bûten it neitinken oer it wurk wurde de kontoeren fan de kontekst en de posysje dy’t de keunstners dêryn nimme wolle ferskerpt. De priis sels garandearret yn in ûnwis fjild op lange termyn net folle, mar bliuwt lykwols in befêstiging en in goede oantrún foar in opkommende keunstner. Dy genietet, krekt lykas de oare nominearren, ekstra sichtberens en kriget troch de priis in beskieden, mar signifikante finansjele bemoediging om fierder te gean. Eardere nominearren wienen ûnder mear Yael Bartana, Maze de Boer, Gwenneth Boelens en Laurence Aëgerter, dy’t no rûnom bekende nammen yn it lânskip fan de Nederlânske keunst binne. Itselde jildt foar de winners, wêrûnder Paulien Oltheten, Lotje van Lieshout en Riet Wijnen – dy’t as meast resinte winner foar de edysje fan no yn de sjuery plak naam.
Begjin septimber stutsen de trije sjueryleden Riet Wijnen, Jaring Dürst Britt en Bianca Stigter de koppen byinoar om fêst te stellen hokker fiif keunstners op de shortlist kamen te stean. De útkomst bestiet út Halla Einarsdóttir, Milena Naef, Eric Peter, Machteld Rullens en Sanne Vaassen. Dürst Britt: ”Wy wienen it der al frij gau mei-inoar oer iens dat de selektearre keunstners wurk meistje dat op himsels stiet en gjin epigoanen binne, mar krekt elts op eigensinnige wize harren eigen preferinsjes en ûnderwerpen útdjipje.” Bianca Stigter follett him oan: “we hawwe kandidaten foarbykommen sjoen dêr’t wis wat yn sit, mar it wurk sels wie net dúdlik genôch dokumintearre of hie te folle eftergrûnynformaasje nedich om in sterke yndruk efter te litten.” Dürst Britt falt har by: ”tagelyk is der ek wurk dat sterk yn de sfear fan ‘Contemporary Art Daily’ sit”. ”En…”, makket Riet Wijnen syn sin ôf, ”it giet ús úteinlik net om ien inkeld wurk dat ús oer de streek lûkt, it giet benammen om in ympresje dy’t genôch yn ’e holle hingjen bliuwt om in eigen universum oproppe te kinnen.” Wat it ferskil yn âldens en ûnderfining tusken de kandidaten op de longlist oanbelanget, hat de sjuery oarspronklik wach west foar té jonge kandidaten út ’e eangst wei om keunstners te selektearjen dy’t noch net genôch wurk makke hawwe om in lykwichtige yndruk jaan te kinnen. It die neffens Dürst Britt algau bliken dat soks tanksij de folwoeksenens fan it presintearre wurk oerstallich wie: ”Der steane krekt ôfstudearre keunstners op de shortlist, mar dat sjochst hielendal net werom yn it wurk.”
De sjuery wie it unanym en frij flot oer de seleksje iens. Stigter: ”Ik fyn it opmoedigjend dat wy by de kandidaten op de shortlist fuortendaliks los faninoar, optein wienen oer harren wurk, dat der dúdlik kwaliteiten nei boppen ta komme dy’t wy alle trije nettsjinsteande, of krekt tanksij, ús ferskillende eftergrûn werkenne kinne.” Dêrnjonken joech de sjuery gjin wearde oan it selektearjen fan in útbalansearre shortlist op it mêd fan slachte, âldens of medium. Keunstners hawwe ommers gjin ynfloed op de foarkar fan harren kollega’s, en mooglike oerienkomsten dogge neat ôf oan de kwaliteit fan in praktyk. Wijnen: ”We hawwe ús ál ôffrege oft der sprake wêze moast fan in ôfwoegen seleksje, en oft it wol sa handich wie om faker as ienris deselde ûnderwerpen en artistike útgongspunten foar it fuotljocht te bringen yn ien shortlist. Uteinlik hawwe wy foar kwaliteit keazen. It gearstallen fan de shortlist giet by eintsjebeslút om de yndividuele kandidaten dêr’t wy fan leauwe dat se in serieuze gadingmakker binne foar de Sybren Hellinga Keunstpriis én in goede tentoanstelling delsette kinne.”
De krêft fan de selektearre keunstners leit yn it kreëarjen fan in oertsjûgjend universum dêr’t de sinjalen fan in koherint oeuvre al yn werom te kennen binne. Dürst Britt: ”Ik tink dat de twa stekwurden fan dizze shortlist polityk engaazjemint en poëtysk binne.” Wijnen follet him fierder oan: “…en der leit ek in sterke klam op it estetyske elemint fan it wurk: it fysike materiaal. It bewust gebrûk meitsjen en ynsetten dêrfan sjochst by hast eltse keunstner troch de praktyk hinne weve.”
De sjuery is tige optein oer de shortlist en sjocht der nei út om op 29 oktober 2016 de Sybren Hellinga Keunstpriis út te rikken.