17 October 2016

Ynterview mei Eric Peter

Menno Vuister

MV (Menno Vuister):
Do bist begûn mei in jier keunstskiednis oan ’e Universiteit Utrecht. Hoe is it dan kommen datsto no keunstner bist?

EP (Eric Peter):
Ik tink dat de kar foar keunstskiednis foar in part kaam troch it fermidden dêr’t ik yn siet. Ik haw gymnasium dien en it wie de bedoeling datst dêrnei nei de universiteit giest. Ik hie einliks nea om in keunstakadeemje sind. Op de universiteit hie ik argewaasje fan lju dy’t allinnich mar fan boekekennis lieken út te gean. Ik wie hiel bot mei antropology dwaande en hie hope dat ik dat mear weromfine soe yn de stúdzje. Ik wie benammen ynteressearre yn de persoan efter de keunstner. Letter krige ik in soad kunde op de keunstakadeemje en bin doe oerstapt nei de akadeemje, rjochting fotografy. Myn wurk wie dêr fierstente ‘autonoom’ foar it kurrikulum. Dêrnei bin ik pas begûn mei byldzjende keunst te studearjen.

MV:
Dyn ynteresse yn antropology sit wakker ferweve yn dyn wurk. Wêr is dat begûn?

EP:
Ik bin opgroeid yn Dordrecht, in eilân yn de Biblebelt. Dat is benearjend, ek al is it wat frijer as yn de doarpen deromhinne. Myn ynteresse yn antropology begûn as in soarte fan flecht út dy wrâld nei folslein oare ideeën en persepsjes. Ik tink dat it my tige holpen hat om dingen relativearje te kinnen. Ik koe altyd nei in oare kultuer, oar gebrûk of eat út in oar tiidrek sjen en dat joech de mooglikheid om dingen oars te sjen. Sa is dat winliken groeid. Ik besefte okkerjiers dat de Ynjeske ynfloed fan myn pake en beppe dêr ek in rol yn spile hat. Yn harren hûs hienen se allegearre opstoppe krokodillen, Kelims, Batik en Wajangpoppen. As bern fûn ik dat magysk.

MV:
Yn dyn wurk sit in driuw nei ferbûnens, nei watst relasjoneel neame kinne soest.

EP:
Benammen Familiar Strangers: Conversations on the Near Future (2016) is dêr in goed foarbyld fan. Yn myn wurk wol ik fragen oproppe oer beskate tinkwizen, aktuele tema’s of in beskaat sentimint yn de maatskippij – mar net op in dogmatyske wize. doe’t ik begûn mei performance as medium die ik alles sels. Dêrtroch gie it hiel bot om my as yndividu en dat wie eins hielendal net belangryk foar de betsjutting fan it wurk. Dêrnei haw ik der oaren by belutsen. Letter hawwe dy minsken, lykas yn Familiar Strangers, folle mear in eigen aktive rol yn dat wurk krige. Dêrby fyn ik it fan belang om aktyf in dialooch oan te gean. Foár dy tiid wienen se mear passive akteurs.

MV:
Der wurdt op de akadeemje faak praat oer it finen fan jins foarm; it medium dêr’t men jins ideeën it bêst mei nei bûten bringe kinst. Hoe is it idee opkommen datsto dat troch performances dwaan woest?

EP:
Ik tink dat it weromgiet op klassike antropologyske bylden dy’t ik út myn jeugd ken. Ik fûn it altyd sa krêftich as in dûns of in beskaat ritueel plakfûn, hoe’t de ynteraksje tusken minsken is as soks bart en hoe’t it minsken bynt. It moaie oan performance fyn ik dat it reagearret op in momint en op de minsken dy’t dêr binne. Soms wurdt dat ‘teatraal’ neamd yn it deistich libben. Foar my fielt it hiel natuerlik, en ek yn myn fotografy kaam dat nei bûten. Skilderjen haw ik bygelyks nea wat mei hân. No bin ik wol wat dingen mei ferve oan it dekorearjen.

MV:
Ik haw it gefoel dat in soad jonge keunstners oanstriid hawwe om in polityk of maatskiplik stânpunt yn te nimmen, of dat se in engazjearre tema sykje om it belang fan keunst foar de maatskippij bewize te kinnen. Hoe ferhâldsto dy dêrta?

EP:
Dêr tink ik somtiden wol oer, mar al foárdat ik keunst makke, wie ik in soarte abbekaat fan de duvel. Ik woe altyd dy oare miening nei foarren bringe om minsken oan it tinken te setten. Der binne keunstners dy’t aktivistysk en nijsgjirrich wurk meitsje wat dan folslein ûnestetysk is. Dêr kin ik net folle mei. It giet my der folle mear om dat eat hiel moai is en tagelyk ek wat ynhâldliks útdraagt. Ik hâld my ek net dwaande mei oft eat mear wearde hat omdat it engazjearre is. Ik besykje gewoan te dwaan wat ik wol en te adressearjen wat ik wichtich fyn.

MV:
Estetyk is dus in dúdlike betingst foar dyn artistike praktyk. Hoe setsto dyn ideeën en ûndersyk om ta wat estetysk?

EP:
Soms falt in byld datst yn ’e holle hast ynienen gear mei in idee of ûndersyk. Dat giet faak hiel organysk. By myn residencies yn it Vasl Artist’s Collective yn Pakistan en The Unifiedfield op de Filippinen (beide 2015) hie ik bygelyks samar in stikmannich wurdkombinaasjes opskreaun. Doe’t ik dy letter yn myn notysjeboekje seach, waarden dat nammen fan personaazjs. Sa begûn ik oan in teaterstik te skriuwen. Op ’t lêst komt it ûndersyk faak hiel yntuïtyf ta in byld, of ik perform mei materiaal, om samar te sizzen. Ik gean dan yn myn atelier op yn in soarte fan ritueel of performance dêr’t materiaal in funksje yn kriget. Dêrfoar fret ik ynformaasje en alle bylden dy’t dêrút fuortkomme, binne dêrmei trochweakke.

MV:
En dan Keunsthûs SYB. Hoe bisto dêrmei yn ’e kunde rekke?

EP:
Sûnt it tredde jier fan de akadeemje woe ik al in residency dwaan yn Keunsthûs SYB. Ik tocht as ik dêr ree foar bin, doch ik dat wol in kear. Fia Rory Pilgrim en Jasper Griepink, fan wa’t it wurk op dat fan my oanslút, hearde ik ek fan SYB. It giet my dus al in jiermannich yn ’e holle om. Doe seach ik de open call [voor de Sybren Hellinga Kunstprijs, red.] en tocht: “No, ik besykje it.”

MV:
Hasto faker op sa’n, of soartgelikense wize wurk ynstjoerd?

EP:
Ja, ik bin eins altyd wol oan ’e gong mei open calls om myn wurk nei bûten te krijen.

MV:
Sjochsto open calls yn it bysûnder ek as in goede mooglikheid foar jonge keunstners om wurk te toanen en om der omtinken foar te krijen?

EP: Ik tink wol dat it goed is, omdatst dan oer dyn wurk skriuwe moatst, dus ik fernim wol dat ik sels better wurden bin yn dingen te oertinken en ûnder wurden te bringen en budzjetplannen te meitsjen. It is ek goed om eat bûten dyn eigen netwurk de wrâld yn te stjoeren. Ik wit allinnich net oft it altiten goed is. Yn tsjinstelling ta Keunsthûs SYB binne der ek in soad opportunistyske initisjatyfkes dy’t allinnich mar jild opstrike wolle oer de rêch fan (jonge) keunstners.

MV:
Do silst, krekt as de oare fjouwer nominearren, wurk sjen litte yn Keunsthûs SYB. Hasto al in idee fan watsto toane wolst?

EP:
Ik wol aldergraachst in projekt sjen litte dêr’t ik no mei dwaande bin, in poppeteater, mar dat wol ik net yn sân hasten ôfroffelje. Dochs wol ik net wer de fideo’s fan Familiar Strangers fertoane. It sil dus in ynstallaasje wurden dêr’t ik in oanset yn sjen lit; in ferzje dy’t toant wêr’t it stik Generous Government and the Triad of Sorrows no sit.