17 October 2016

Ynterview mei Halla Einarsdottir

Agnes Winter

AW [Agnes Winter]: Kinsto wat oer dysels fertelle en wêrom’tsto derfoar keazen hast om keunstner te wurden?

HE [Halla Einarsdóttir]: Ik bin Halla Einarsdóttir en kom út Reykjavík yn Yslân. Nei de middelbere skoalle bin ik begûn te eksperimintearjen mei fotografy en die ik in stikmannich jûnskursussen yn tekenjen en fotografy. Ik hie dêr in protte nocht oan en waard nijsgjirrich nei ferskillende wizen fan tinken en observearjen. Ik wit net krekt wat it wie, mar sagau’t ik mei dy eksperiminten begûn, fielde it gewoan hiel natuerlik en woe ik dermei trochgean en der mear oer leare.

AW: Do bist fan ’t jier ôfstudearre oan de ôfdieling Grafysk Ûntwerpen fan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam. Kinsto ús wat fertelle oer hoe’t dyn wurk him yn dyn stúdzjetiid ûntwikkele?

HE: Ja, myn wurk is grif groeid, nammerste mear sjoen it feit dat ik dêrfoar amper les hân haw op it mêd fan byldzjende keunst. Ik haw ien jier fotografy folge en al oan it begjin fan dat jier ûntdiek ik dat ik graach mei ferskillende media wurkje en mysels leaver net beheinde ta ien medium. Om dy reden bin ik oerstapt nei grafyske foarmjouwing, wat geweldich wie, om’t it in wakker frije rjochting op de Rietveld is. It is ek ridlik autonoom, mar dochs strukturearre. Dat jo leare in protte ferskillende techniken, metoaden en wizen fan wurkjen. Yn it ferrin fan de oplieding krije jo ek aloan mear tiid om te ûndersykjen en jo persoanlike ynteressen te ûntdekken, benammen by it skriuwen fan de skripsje.

AW: Hokfoar tema’s of ûnderwerpen hasto ûndersocht?

HE: Yn it begjin wie ik benammen ynteressearre yn de fisuele taal fan it ûnderwiissysteem of fan edukative boeken, bygelyks hoe’t jo in taal leare. Fandêrútwei rekke ik mear ynteressearre yn “it fertellen” en hoe’t ferhalen in wurk beynfloedzje kinne. Ik tink dat beide ûnderwerpen noch hieltiten oanwêzich binne yn myn wurk. Mar ik haw ek myn eardere ynteresse yn nostalgyske ûnderwerpen fierder ferkend, hoe’t we dêroan fêsthâlde en dy op in fuotstik sette kinne. Ik wraksele dêr in soad mei en keas kear op kear nuvere objekten om der in folslein projekt oer te meitsjen. Ik moast echt folslein yn dat ûnderwerp dûke, omdat ik foar mysels begripe moast wêrom’t ik der sa fassinearre troch wie. By einbeslút haw ik myn skripsje skreaun oer brutsen objekten en dat hie ek in wichtige útwurking op myn wurk.

AW: Wat is it krekt oan brutsen objekten dat dy sa fassinearret?

HE: Der binne in hiele soad dingen dy’t my dêroan ynteressearje. Ik fyn se super krêftich: de reden wêrom’tst se reparearrest of wêrom’tst se krekt net reparearrest. It is, tink ik dy limbo dy’t ik sa nijsgjirrich fyn: dysels twinge om it aloan wer te brûken, of om it krekt nea wer te brûken, mar ál te bewarjen. It is dy dûbelsinnigens dy’t my hieltiten wer yntrigearret.

AW: Kinsto neiere útlis jaan oer de ynhâld fan dyn skripsje?

HE: It gie oer de ûnderlinge relaasje tusken subjekt en objekt, mar dan benammen oer brutsen of foar in part brutsen objekten. Tsien koarte ferhalen dy’t giene oer sawol histoaryske as mear hjoeddeistige objekten, wienen dêr ûnderdiel fan. Guon wienen folslein fiktyf en oaren wienen mear in soarte fan drûge útlis fan in produkt. Ien dêrfan gie oer in bûgde tintehjerring, dy’t my in skoftlang efterfolge hat. Mar tanksij dy ferhalen, en troch it yn ferskate situaasjes en ferhaallinen setten fan fan objecten, ûntdiek ik de dialogyske krêft fan dy objekten. Hoe’t dy mei ús kommunisearje en op hokker wize oft wy harkje. Ik tink dat dy ferheljende krêft fan objekten ek ien fan de konklúzjes wie yn myn skripsje. Mar it wie ek in ûndersyk nei matearje yn fysike sin, wat ik dêrfoar noch net safolle dien hie.

AW: Foar dyn ôfstudearjen hasto it wurk Sauðfjárveikivarnargirðing (2016) makke, wat in ynstallaasje is oer de kuiertocht dy’tsto makke hast by in âlde freding yn Yslân lâns. Kinsto wat mear fertelle oer dat wurk?

HE: Ja, it wie basearre op in stikkene freding op it plattelân yn Yslân. Ik krige dêrmei te krijen troch de keunstner Hreinn Friðfinnsson, dy’t ik assistearre. Hy bewekke de freding en rûn der alle twa dagen ienkear bylâns, nettsjinsteande de ôfstân fan sa’n 50 kilometer. Ik hie fan him in protte oer it stek heard, en ek oer de omkriten, en ik wie nijsgjirrich nei hoe goed of hoe min oft it derby stie. Net ien sjocht de freding ea echt, om’t it sa fierôf is. Ik rûn yn ien dei by de freding lâns en hie net de yntinsje om der in wurk oer te meitsjen, lykwols dokumintearre ik de tocht. Ik wie der ek gewoan benijd nei oft ik der fysyk ta by steat wie. Nei de kuiertocht rekke ik noch mear fassinearre troch it stek; benammen al it stikeltried spûke my hieltiten mar yn ’e holle om. Sagau’t ik begûn mei it skriuwen oer de reis en oer myn ûnderfining mei stikeltried, wylst ik ûndersyk die en relevante ferhalen sammele, fernaam ik dat der in fysike ferskiningsfoarm nedich wie foar it wurk dat ik meitsje woe. Yn de grafyske foarmjouwing studearje fansels in protte lju ôf mei in publikaasje of mei in samling affysjes. Grif is it ek de wize wêrop’t ik ornaris wurkje, dat ik oanstriid haw om trijediminsjonale eleminten ta te foegjen oan in twadiminsjonaal wurk. Dat op ‘t lêst haw ik in ynstallaaasje makke op basis fan de ferzje dy’t se by it Kansas Museum of Barbed Wire hebben (La Crosse, Kansas, USA). Yn de presintaasje haw ik myn teksten, tekenings en skulptueren fan fergrutte oerbliuwsels fan de freding ferwurke.

AW: Op hokker wize hat de freding dyn belangstelling foar stikeltried wekker makke?

HE: De freding bestiet út stikeltried en hout, en ik haw dêr nochal in soad mei wraksele. Stikeltried hat ommers rûge en wrede konnotaasjes wylst de omkriten dy’t ik dokumintearre en fotografearre op myn kuier krekt hiel romantysk wienen. Ik bedoel, it ferhaal fan it stek is winlik alhiel net rûch. En by einbeslút seach ik der sels in beskate skjintme yn, ek al wie it objekt sels ferfallen en ferrotte. Yn in petear mei myn learaar Edward Clydesdale Thomson, kamen wy ta de konklúzje dat, nettsjinsteande it feit dat in freding faak gewelddiedige konnotaasjes hat, it ferhaal fan in freding ynhâldt dat dy oan ’e ein fergiet, ek al giet dêr faak in hiel skoft oerhinne. Dus einliks is it in tige optimistyske fyzje op in omfreding, faaks sels wol te posityf.

AW: Kuierjen liket in weromkommend tema te wêzen yn dyn wurk, yn Sauðfjárveikivarnargirðing, mar ek yn dyn eardere wurk A Blurry Berlin (2015). Yn dy fideo beskriuwsto hoe’tsto Berlyn ûnderfûn hast op in kuiertocht sûnder dyn bril. Wêrom is kuierjen wichtich yn dyn wurk?

HE: Ik tink dat it foar my goed wurkt, troch de wize wêrop’tsto tinkst ûnder in beskate soarte fan kuiertocht. Bygelyks ast yn in supermerk bist of op in kuiertocht: op ferskillende plakken funksjonearret de geast op hiel ûngelikense wizen. Ik bin fan miening dat dy ûnderskate omkriten in spesifike nijsgjirrigens of tinzen oproppe, dy’t úteinlik ta in wurk liede kinne. Ik soe graach mear kuierje wolle foar myn wurk.

AW: Dus kuierje as middel om nei te tinken of te ûndersykjen?

HE: Jawis, ik tink fan allebeide, mar op ferskillende wizen. Soms wurket it as in ûnbewuste ympuls en soms brûk ik it mear bewust, lykas yn A Blurry Berlin, dêr’t ik ferskate kuiertochten yn makke foar elts part fan it wurk.

AW: Wat betsjut it foar dy om nominearre te wêzen foar de Sybren Hellinga Keunstpriis?

HE: Ik fielde my enoarm fereare. Ek omdat ik fan de ôfdieling Grafyske Foarmjouwing kom is it in ekstra motivaasje. It befêstige foar my dat ik ek by steat bin om autonoom wurk te meitsjen en dat ik dêrmei trochgean moat.