17 October 2016

Ynterview mei Sanne Vaassen

Vincent van Velsen

VV [Vincent van Velsen]

Hoe bisto by keunst telâne kommen?

SV [Sanne Vaassen]

Fan jongs ôf oan haw ik in breed belangstellingsfjild: fan skiednis nei natuerkunde oant biology. Mar it wie benammen tekenjen dat my dwaande hold. Ik hâld derfan om dingen te observearjen, fêst te lizzen en te analysearjen. Eartiids, as wy te kuierjen gienen, wiisde ús heit op dingen dy’t minder dúdlik te sjen wienen. Hy learde my fierder te sjen. Ik tink dat dat miskien wol in wichtige earste stap west hat rjochting myn tsjintwurdige praktyk.

VV

En hoe soest dy praktyk omskriuwe?

SV

Ik haw koartlyn serieus neitocht oer hoe’t ik myn wurk yn trije wurden omskriuwe kinne soe, mar doe kaam ik der net rjocht út. Ik kaam doe op wurden lykas proses, natuer, tiid, momint, identiteit, kultuer, en noch wol mear. Mar hoe’t ik it omskriuwe soe? Ik kin omskriuwe wêr’t it wei komt. Foarhinne ûntstie myn wurk benammen út in proses, in hanneling, eat dat ik mei de hân die, dêr’t him in feroaring troch foardie, dat der in soarte fan foar- en neibarren wie. No kom ik derefter dat ik dêr noch hieltyd wol nei op syk bin yn myn wurk, mar dan yn in grutter gehiel. Alle kearen bart der wat dat in plak hat yn in grutter gehiel. En hieltiten is der in ferrin te sjen, of in feroaring, in tiidsbarren, soest sizze kinne.

VV

Doe’t ik dyn website beseach en wat dingen lies as tarieding tocht ik in ûnderskied te sjen, of twa linen. De iene hat mear te meitsjen mei natuerlike prosessen en de oare mear mei kulturele prosessen, lykas nasjonalisme of it foarmjaan fan mienskiplikens.

SV

Komt wol út, mar ik soe earder sizze mei identiteit, of uteringen fan identiteit: it fêststellen of momintopnamen fan identiteit. Lykas in flagge, dat is dêr fansels in hiel sterk symboal fan. Mar ek mei de memmeplakken dy’t ik oerjou oan oaren (Cartography, 2016). It hat te krijen mei in soarte fan portret, of in momintopname fan in identiteit. En it fêstlizzen fan de fallen blêden fan in beam (Trails of a tree, 2015), hat ek te krijen mei sa’n soarte fan portret. Lykas dat ek it gefal is mei it fêstlizzen fan it fallen fan de rein. Yn Cumulus (2016) lis ik yn sân feltsjes it ferrin fan in reinbui fêst.

VV

Dus yn dy sin is it in anty-efemere hanneling. It skôgjen fan in ferrin of ferfleanen fan eat en it byhearrende proses fêstlizze. Krekt as de ynfloed fan in natuerlik proses op fysike matearje. Tagelyk leist hiel bot in struktuer fêst om dyn wurk yn te meitsjen. Skriuwst rjochtlinen yn ’t foar en dy fierst dan út. Dêrtroch is it oan ’e iene kant los, ôfhinklik fan natuerlik tafal, mar oan de oare kant setst it ek hiel bot yn in lyts ramt, lykas bygelyks letterlik op in A4’ke en mei foarôf fêststelde hannelingen om ta it wurk te kommen. Hoe komsto ta dy spesifike ôffredings, hannelingen of ûnderwerpen?

SV

Dat is sa. Der is dan eat dat ik nijsgjirrich fyn. Lykas rein, rivier, see, ferdamping. Dat fenomeen hâldt my yn ’e besnijing en dat besykje ik dan op ien of oare wize fêst te lizzen. Mar om soks fêstlizze te kinnen, stel ik foar mysels al regels op. Om se dan út in ramt wei plak jaan te kinnen. It giet almeast om sirkulêre prosessen. Yt begjin en de ein fan de rein, eb en floed of de beam bleatsteld oan de seizoenen. De eleminten binne sowieso weromkommende eleminten – hoewol fjoer noch net.

VV

En it binne foar it meast oan de natuer bûne prosessen?

SV

Ja. Alteast, dat wie it. Der fynt op ’t stuit in ferskowing plak. In goed foarbyld fan in nij wurk is Flags (2016). Dat is in projekt dêr’t ik flaggen by útinoar helje, alle triedden ûntfrisselje, dy’t ik dan oan in weefster of wever jou út it oanbelangende lân om der in nij doek fan te meitsjen. Dizze is bygelyks makke troch in Belgyske weefster. Hjir is net echt mear in natuerlik proses oanwêzich. Dit binne troch de minsk makke dingen. In flagge as utering fan in nasjonale identiteit. De identiteit fan in persoan of in lân, is in momintopname fan it stuit dêr’t wy yn libje. Lânsgrinzen feroarje sûnder ophâlden. Mar ek in krante dy’t in hiel soad ynfloed hat en de wierheid oanjout, wylst dat net perfoarst de folsleine wierheid is. Wat ik nijsgjirrich fyn, is hoe’t de minsk soks betinkt, sa’n begryp, dat dan wierheid wurdt. Wat dêrfoar net echt bestie. Wylst wetter, dêr kinst net folle oars fan meitsje – dat is.

VV

Binne der rjochtlinen foar de wever fan de flaggen, of litst it oer oan de persoanlikheid? Sjochst it foar harren as hanneling of utering fan in persoanlike identiteit, of mear simpel as in funksjonele hanneling yn dyn wurkproses?

SV

Nee, der binne gjin rjochtlinen. Hoewol’tst no ál krigest dat de twadde persoan de útkomst fan de earste al sjoen hat. Dat sil wol ynfloed op inoar krije. Mar ik hoopje dat se út harsels wei fierder wurkje. Wat ik harren freegje, is om in nij doek te meitsjen fan de flagge fan it oarspronklike lân. Mar de ynfolling is hielendal frij. Dus sy binne frij om it te sjen as wat folslein funksjoneels, of as wat hiel boartliks. Ik kin my yntinke dat ien in patroan of in figuerke makket. Se kinne dat allegear sels útmeitsje, ek it formaat.

VV

Hasto ek de flagge fan Fryslân, om by SYB sjen te litten?

SV

Nee, dy net. Ik bin begûn mei steaten. En ik wit net sa goed wat ik yn de eksposysje sjen litte moat. Ek om’t ik koartby yn ’e rjochting fan oare ûnderwerpen beweech. En dan is it faaks net hielendal represintatyf om âldere wurken sjen te litten. Ik tocht earst miskien in kombinaasje fan âlder en nij. Mar doe tocht ik, ik haw in wurk makke Invisible Present (2015). Yn it ramt fan de útstalling Intimacy by Marres krige eltse keunstner in hûs tawiisd en minent hie al in hiel soad keunst en in hiele eigen, strakke styl. Doe haw ik strijkjes ôfnommen fan alle keunstwurken om dy dêrnei yn in petryskaaltsje op in fiedingsboaiem groeie te litten ta in nije tekening. Dêr koe ik in soarte fan ûnsichtbere oanwêzichheid mei sjen litte, en dêr krigest ôfprinten troch fan de al oanwêzige wurken. Dy dan wer weromprojektearre waarden op it plak dêr’t ik it weihelle hie. De foarmen en kleuren dy’t yn de petryskaaltsjes ûnsteane, hawwe wy net yn ’e hân en binne ôflaat fan matearje út ’e skiednis. It lit ús de ûnsichtbere oanwêzigens op de keunstwurken sjen. Neat is wat it liket; krekt as yn de skiednis en polityk bestiet hjir net ien wierheid. En yn de eksposysje yn Marres hie ik in strijkje fan de bewenners sels; fan him en fan har, sichtber op in ljochtbak.

Soks so ik ek dwaan kinne by SYB, want ik wol dit fierder ûndersykje. It probleem is dat it giet om mikro-organismen, dy’t faak as wat smoarchs sjoen wurde. Mar dêr giet it hielendal net om. It kin krekt nijsgjirrich wêze; it soe in tige wiidweidich ûndersyk wêze kinne, mar dan wol fierder útwurke. Musea ûndersykje al alle lagen fan in skilderij en meitsje analyzen; en dan soe dit in ekstra laach wêze kinne. Yn gearwurking mei it Van Abbemuseum, Eindhoven sil ik dat no fierder útwurkje, mar in ferzje foar SYB soe ek relevant wêze kinne.

VV

Do bist no ek nominearre foar de Parkstad Limburg Prijs. Dat ik nim oan datst faker oan ditsoarte fan Open Calls meidochst. Hoe kaamst by de Sybren Hellinga Keunstpriis en Keunsthûs SYB?

SV

Neffens my troch Pieter Paul Pothoven, dy’t dêr ferline jier in residinsje hie. En Ilke Gers [yn it ramt fan Festival of Sports (2015), fan Rieke Vos, red.] mei wa’t ik tagelyk op de Jan van Eyck siet, hat der ek west; en de Open Call foar de priis sels fia Facebook.