29 August o/m 31 October 2016

Sjuery 7de Sybren Hellinga Keunstpriis

Nijs

Jaring Dürst Britt (1981) iepene yn febrewaris 2015 tegearre mei partner Alexander Mayhew, de nije galeryDürst Britt & Mayhew yn De Haach, dêrfoar wurke er û.a. foar Den Haag Sculptuur, Casco yn Utert en as direkteur/kurator fan Nieuwe Vide yn Haarlim, dêr’t er ekHaarlemse Lente, in gearwurkingsferbân fan hjoeddeistige keunstynstellings en keunstnersinisjativen op priemmen sette. Njonken galeryhâlder is Jaring bestjoerslid fan De Zaak Nu, in belangeferiening foar presintaasje fan ynstellings. http://durstbrittmayhew.com/

Bianca Stigter (1964) is skriuwer en sjoernalist; sy studearre skiednis en is redaktrise fan NRC Handelsblad. Stigter skriuwt essees oer kultuer, dy’t bondele binne yn Per ongeluk expres (2011), De Ontsproten Picasso (2008) enGoud uit stro (2002). Op it poadium wienen har essees te sjen yn Lady Mondegreen Live en De per ongeluk expres, twa troch Stigter gearstalde ûntregeljende jûnen oer keunst en tafal. Oer Amsterdam tidens de Twadde Wrâldoarloch makke hja de reisgids De bezette stad (2005). Har esseebondel De ontsproten Picasso waard nominearre foar de AKO Literatuurprijs (2008). Yn it sjueryrapport fan dy priis en yn resinsjes yn dei- en wykblêden wurdt Stigter priizge om har orizjinele eachweid en har ferfrissende fyzje op keunst.

Riet Wijnen (1988) is de winner fan de lêste edysje fan de SYBren Hellinga Keunstpriis. Sy sleat yn 2012 har master oan it Sandberg Instituut ôf en eksposearre yn binnen- en bûtenlân. Yn 2015 sette hja út ein mei in nije syklus fan wurken mei de titel Sixteen Conversations on Abstraction. Dêrnjonken publisearret Wijnen boeken en tydskriften, lykasMarlow Moss (2013) en de erprintinge en oersetting fanAbstraction Création: Art non-figuratif (2014), en wurket hja oan The Registry of Pseudonyms. Njonken har wurk as byldzjend keunstener is hja belutsen by Kunstverein(Amsterdam) als ‘associate curator’. http://www.rietwijnen.nl http://www.registryofpseudonyms.com