17 October 2016

Ynterview mei Machteld Rullens

Yasmijn Jarram

YJ [Yasmijn Jarram]
Wêrom naamsto it beslút om nei de keunstakadeemje te gean?

MR [Machteld Rullens]
‘Ik tink dat myn kar om keunstner te wurden te meitsjen hat mei it hûs dêr’t ik yn opgroeide. Us heit en mem binne altyd guod oan it sammeljen en te ferskowen. Hja binne krekt út Rome werom nei Nederlân ferfearn en it hûs stiet fol – fan alles hawwe se no twa. Fan jongs ôf oan bin ik al dat guod oan it tekenjen. It hûs wie foarhinne fan Amerikanen en myn keamer hie in behang fan Coca Cola-logo’s. It flierkleed wie sels read mei wyt. Doe’t it tiid waard om út it âlderlik hûs wei te gean, woe ik wat dwaan dêr’t ik it tinken mei de hannen mei kombinearje koe mei myn tinzen, sawol op filosofysk as op sosjaal mêd. Op de akadeemje koe ik dat net fuortendaliks fine; ik haw bot oan ’t sykjen west om wat ik dwaan woe. Kinst suver wol sizze dat ik der gjin aan fan hie wat it keunstnerskip ynhold. Alles wat ik die wie in besykjen.’

YJ
Nei it ôfstudearjen oan de KABK [Koninklijke Academie van Beeldende Kunsten, De Haach] yn 2012 bisto begûn oan in master oan it Piet Zwart Institute yn Rotterdam. Wêrom hasto dêrfoar keazen?

MR
‘It Piet Zwart Institute spruts my oan omdat der in groep tige opteine lju mei ferskillende eftergrûnen byinoar komt. Jo hawwe in enoarme studio ta jo foldwaan en jo wurde oanfitere om hieltyd op ’e nij jo wurk te presintearjen en te besprekken. Ik haw dêr in protte fan meistudinten leard, bygelyks om it langer oan tiid te nimmen foar myn wurk. Myn keunstner wêzen is gjin sprint, ik rin de maraton.’

YJ
Do wurkest benammen mei fideo en ynstallaasje. Wat fynsto dêr nijsgjirrich oan?

MR
‘Yn fideo kinst de realiteit folslein ferknippe, hoewol’t de realiteit somtiden al absurder is as watst ea betinke kinne soest. Setst út in registraasje wei út ein. Ik tink gauris yn bylden en besykje dy bylden de lêste tiid te fersimpeljen. Fideo hat ek in soarte fan magy yn him, it kin hypnotisearjend wêze. Dêrnjonken is bewegend byld rûnom. Nammers haw ik pas op ’e akadeemje foar ’t earst in fideokamera oppakt. Dy naïvens en ‘begjinnerslok’ besykje ik yn elts wurk op ’e nij by mysels op te roppen.’

YJ
Hast dêr in foarbyld fan?

MR
‘Op myn solotentoanstelling The Latest by galery Rianne Groen, begjin 2016 presintearre ik wurk basearre op de metro fan Parys, ûntwurpen troch Hector Guimard. Syn Art Deco-yngong ta de ûndergrûnske is in symboal fan Parys. Sierlik, mar dochs tebekhâldend. Ik learde yn trije moanne laskjen yn ’e studio fan Neïl Beloufa, krekt bûten Parys, en wurke foar ’t earst mei stieltried. Yn de fideo, dy’t in part útmakket fan de ynstallaasje, is myn stekwurk op ’e nij sichtber. De haadrol is ornearre foar in ienearmige kreeft dy’t yn it Frânsk klaget oer de maatskippij en by einbeslút sean wurdt.’

YJ
Do hast dus in skoft yn Parys wenne en wurke. Hat dat ynfloed hân op de ynhâld of it proses rjochting in ‘foltôge’ wurk? Untstiet dyn wurk faak út spesifike plakken of ynteraksjes wei?

MR
‘It plak dêr’t myn wurk makke of tentoansteld wurdt, is wichtich. Dêr set ik faak mei út ein. Wat spilet him dêr ôf? Hoe reagearje minsken op harren omjouwing? Hoe beweech iksels yn dy romte? Hoe gean ik yn dit gefal om mei it kompetitive elemint yn dizze eksposysje? Hoe kinne wy kollektyf rebellearje? It binne de lytse details yn in grutter gehiel. Myn wurk komt altyd fuort út in gearwurking. Ik besykje mysels út te daagjen troch oaren yn it kreaasjeproses te beheljen – dan freegje ik bygelyks ien om op datselde pak eat te beantwurdzjen oer in byld of situaasje, of ik jou oanwizings en sjoch hoefier oft hy of sy dêryn meigiet. Yn Gent wenne ik njonken it St. Pitersplein, in grut leech plein dêr’t ik faak siet. Op in dei merkte ik op dat we net sa goed mear witte hoe’t we mei sa’n lege romte omgean kinne. Ik naam it beslút om minsken te folgjen mei in lange stôk en in krytsje in ’e hân, sa ûntstie in ‘sosjale’ tekening.’

YJ
Spilet performance ek in rol, sjoen dyn ynteresse yn romte, de ferhâlding tusken minsken en harren hâlden en dragen?

MR
‘Ik tink wiswier nei oer performance, mar wit net sa goed wat it krekt ynhâldt. Ik fyn it fassinearjend om te sjen nei minksen dy’t wurkje, dat kin ik oeren dwaan. Der binne YouTube-fideo’s fan minsken dy’t neat oars dogge as it útpakken fan doazen mei nije produkten, ’unboxing’ hyt dat. Geweldich hoe’t minsken sa obsessyf wat dwaan kinne en dat dêr sa’t skynt ek noch in publyk foar is.’

YJ
Dus do bist ek in sammelder fan oarmans fassinaasjes.

MR
‘In beskate sin wol. Soest sizze kinne dat ik belangstelling haw foar lju dy’t har mei ynmoed op ien ding talizze, faaks om’t ik dat sels net kin. It bliuwt in kombinaasje fan aktyf sykje en spontaan fine. Lêsten ûntfong ik fia Marktplaats in pakket dat ik hast net útpakke doarst, sa moai oft it ynpakt wie. Dat haw ik ek bewarre. Miskien dat soks dan letter weromkomt yn in wurk.’

YJ
Do bist nominearre foar de Sybren Hellinga Priis. Koesto Keunsthûs SYB al?

MR
‘jawis, al moat ik earlik bekenne dat ik der noch nea west haw. Ik fyn it in ear om meidwaan te meien en wurk meitsje te kinnen foar in nij publyk. De romte fan SYB is net ûnbidich, dat wy moatte as keunstners ûnderling goed oerlizze.’

YJ
Wat soesto yn ’e takomst graach nochris berikke wolle?

MR
‘Ik hoopje ienris nei Japan te reizgjen, earne dêr’t in kultuer sterk betocht en úttocht is en minsken nei myn idee dy regels ek folgje. Iksels soe dêr hieledal kiezzich fan wurde en der tsjinyn gean. Ik soe ek graach ris in langere film meitsje wolle mei in ploech, mar ik wit noch net wêroer. Oant salang gean ik troch mei sammeljen.’