29 October 2016
MILENA NAEF WINT DE SÂNDE SYBREN HELLINGA KEUNSTPRIIS
De sânde Sybren Hellinga Keunstpriis is op sneon 29 oktober útrikt oan Milena Naef (1991, DE). De Sybren Hellinga Kunstprijs bestiet út in bedrach fan € 3000,- en is ornearre as oantrún foar begjinnende keunstners. De priis hat syn namme te tankjen oan de âld-galeryhâlder Sybren Hellinga en wurdt om ’e trije jier organisearre troch Keunsthûs SYB.
Fan ’t jier stalde de sjuery – besteande út Bianca Stigter, Jaring Dürst Britt en Riet Wijnen – in shortlist gear fan fiif keunstners. De eksposysje fan de nominearren wie de hiele moanne oktober yn Keunsthûs SYB te besjen.
Út it sjueryrapport:
“In oerienkomst tusken de praktiken fan de nominearren is de rol fan it fertellen fan ferhalen: lineêr, fragmintearre, yn tekst of yn ’e foarm fan props, objekten en fideo’s. Materiaal spilet in wichtige rol: it útstalde wurk is faak taktyl, it freget suver om oanrekke te wurden. In tredde oerienkomst dy’t ús opfoel is ynteraktiviteit: in protte wurk moat op ien of oare wize aktivearre wurde, troch de keunstner, troch troch har útsochte meiwurkers, of troch it publyk.