9 September 2016
Shortlist Sybren Hellinga Kunstprijs 2016
Nieuws
De fiif kandidaten foar de Sybren Hellinga Keunstpriis 2016 binne bekend! De sjuery, besteande út Bianca Stigter, Jaring Dürst Britt en Riet Wijnen, hat de neikommende keunstners selektearre: Halla Einarsdottir (1991, YS), Milena Naef (1990, DE), Eric Peter (1989, NL), Machteld Rullens (1988, NL) en Sanne Vaassen (1991, NL).
Dizze fiif keunstners sille fan 26 septimber oant en mei 7 oktober oan ‘t wurk wêze yn Keunsthûs SYB. Oanslutend folget in eksposysjeperioade fan 8 oant en mei 30 oktober.
De sjuery hat de kar makke út in list fan 26 keunstners dy’t selektearre waarden troch de programmearringskommisje fan Keunsthûs SYB. Kriteria dy’t dêr in rol by spilen, binne de kwaliteit fan it wurk, eigenens, ûndersyk en eksperimint.
Op sneon 29 oktober komt de sjuery gear en wiist dan de winner oan. Dy wint de Sybren Hellinga Keunstpriijs 2016 yn de foarm fan € 3000. By de eksposysje wurdt ek in publikaasje presintearre.
De fiif kandidaten:
Halla Einarsdottir (1991, YS), studearre fan ‘t jier ôf oan de ôfdieling Grafysk Ûntwerpe oan de Gerrit Rietveld Academie. Weromkommende tema’s yn har wurk binne it gebrûk fan navigaasje, de ferheljende macht fan objekten en de somtiden subtile relaasje dy’t de minske hat mei de natuer. Al dy ûnderwerpen komme sawol digitaal as fysyk gear yn har wurk, dat fariearret fan fideo’s, websteeën, publikaasjes en ynstallaasjes.
Milena Naef (1990, DE) studearre fan ‘t jier ôf oan de Gerrit Rietveld Academie en wûn de GRA Award Autonome Keunst 2016. Naef befreget ‘besteande’ struktueren dy’t ynherint binne oan harsels. It wurk besiket de krekte manifestaasje fan de verûnderstelde dualiteit tusken lichem en geast te kreëarjen. Sy fertaalt de skaaimerken fan in subjektive ûnderfining nei in materiële, transformearret it geastlike yn it fysike en besiket sa in nije relaasje tusken dy twa te finen. www.milenanaef.com
Eric Peter (1989, NL) studearre yn 2013 ôf oan de Koninklijke Academie van Beeldende Kunsten yn De Haach en wûn de Afdelingsprijs beeldende kunst. Yn syn performative wurkwize kinne projekten liede ta ynstallaasjes, performances, tekst- en fideowurken. Yn syn semy-antropologyske en assosjative wurkwize wurde sosjaal-politike ûnderwerpen ûndersocht om konvinsjes yn de skiednis te befreegjen, krekt lykas kulturele en sosjale noarms. Syn projekten wurde fakentiids yn gearwurking mei oaren makke en biede as kompassyfolle died tsjinwicht oan it noarmative en befoarderje ynklusivens. www.ericpeter.eu
Machteld Rullens (1988, NL) studearre yn 2012 ôf oan de Koninklijke Academie voor Beeldende Kunst yn De Haach en yn 2014 oan it Piet Zwart Instituut yn Rotterdam. Rullens toant de skjintme en absurditeit fan it aldendeiske troch dokumintêre strategyen te kombinearjen mei fiktive eleminten. Sy hellet har ynspiraasje út de gongberste dingen, dy’t hja posysjonearret en manipulearret mei as doel it befreegjen fan wierheid en werklikheid. www.machteldrullens.nl
Sanne Vaassen (1991, NL) studearre yn 2013 cum laude ôf oan de Academie voor Beeldende Kunsten yn Maastricht, dêr’t hja de Henriette Hustinxpriis ûntfong. Dêrnei studearre hja oan de Jan van Eyck Academie. De krêftmjitting tusken behearsking en krêften dy’t bûten ús lizze, is in útgongspunt foar it wurk fan Sanne Vaassen. Yn har fideo’s, performances en ynstallaasjes stean feroaringsprosessen sintraal. Se ûndersiket de ferskillende foarmen en eigenskippen dy’t in beweging of ferpleatsing oannimme kin en besiket dy fêst te lizzen. http://sannevaassen.com/