{"id":12,"date":"2016-08-16T08:46:53","date_gmt":"2016-08-16T06:46:53","guid":{"rendered":"http:\/\/sybrenhellingakunstprijs.kunsthuissyb.nl\/?page_id=12"},"modified":"2016-12-08T17:38:20","modified_gmt":"2016-12-08T16:38:20","slug":"doelstelling","status":"publish","type":"page","link":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/doelstelling\/","title":{"rendered":"DOEL"},"content":{"rendered":"<p>De Sybren Hellinga Keunstpriis is neamd nei de galeryh\u00e2lder Sybren Hellinga (1926-2000). Hellinga dreau in ide\u00eble galery oan &#8216;e Haadstrjitte 70, it hjoeddeistige Keunsth\u00fbs SYB, op &#8216;e Sweach.<\/p>\n<p>Sybren Hellinga Stichting<\/p>\n<p>Nei syn ferstjerren liet Hellinga in p\u00e2n en in beskieden fermogen nei oan de Sybren Hellinga Stichting. It p\u00e2n moast in frijplak wurde d\u00ear&#8217;t talint kompromisleas ta \u00fbntjouwing komme koe. De Sybren Hellinga Keunstpriis wurdt mooglik makke tanksij dy stifting, dy&#8217;t de priis ynstelt. De Sybren Hellinga Stichting leit de organisaasje fan de priis \u00e2lderwenst del by Keunsth\u00fbs SYB.<\/p>\n<p>Keunsth\u00fbs SYB<\/p>\n<p>Keunsth\u00fbs SYB is in artist residency yn in monumintaal p\u00e2n yn &#8216;e buorren fan Beetstersweach. Op gr\u00fbn fan in projekt\u00fatstel n\u00fbget Keunsth\u00fbs SYB hjoeddeistige keunstners \u00fat om yn in projektperioade fan seis oant acht wiken yn it h\u00fbs te wenjen en te wurkjen. D\u00earby leit de klam op nije gearwurkingsferbannen, \u00fbndersyk en eksperimint. Keunsth\u00fbs SYB siket jimmeroan om nije wizen fan stipe oan jonge hjoeddeistige keunstners yn harren \u00fbntjouwing, sawol yn as b\u00fbten de programmearring, en docht itselde oangeande jonge kurators en skriuwers (keunstkritisy).<\/p>\n<p>De Sybren Hellinga Keunstpriis<\/p>\n<p>De Sybren Hellinga Keunstpriis wurdt s\u00fbnt 1998 om &#8216;e trije jier \u00fatrikt. De priis is ornearre foar keunstners dy&#8217;t oan it begjin fan harren karri\u00eare stean (dat betsjut dat hja net langer as fiif jier \u00f4fstudearre w\u00eaze meie oan in earstefazekeunstakademy of, yn it gefal fan autodidakten, net langer as fiif jier profesjoneel wurksum w\u00eaze meie). D\u00eanjonken is it in betingst dat hja wenje en wurkje yn Nederl\u00e2n. Keunstners kinne har by eltse edysje yn in beskate perioade opjaan foar de priis.<\/p>\n<p>\u00dat alle ynstjoerings wurdt troch de seleksjekommisje in longlist gearstald en d\u00earnei troch in sjuery in fiiftal nominearren. Dy kandidaten bouwe yn de earste wike fan oktober in eksposysje op yn it p\u00e2n fan Keunsth\u00fbs SYB. Artistyk lieder Maritt Kuipers sil as kurator it opbouwen fan de eksposysje begeliede. It wurk dat de nominearre keunstners yn SYB opbouwe, wurdt d\u00earnei troch de profesjonele sjuery beoardiele. Oan de h\u00e2n fan dy beoardieling wurdt in winner keazen.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>De Sybren Hellinga Keunstpriis is neamd nei de galeryh\u00e2lder Sybren Hellinga (1926-2000). Hellinga dreau in ide\u00eble galery oan &#8216;e Haadstrjitte 70, it hjoeddeistige Keunsth\u00fbs SYB, op &#8216;e Sweach. Sybren Hellinga Stichting Nei syn ferstjerren liet Hellinga in p\u00e2n en in beskieden fermogen nei oan de Sybren Hellinga Stichting. It p\u00e2n moast in frijplak wurde d\u00ear&#8217;t [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"parent":0,"menu_order":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","template":"","meta":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/12"}],"collection":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages"}],"about":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/page"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=12"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/12\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":411,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/12\/revisions\/411"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=12"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}