{"id":113,"date":"2016-09-10T11:10:54","date_gmt":"2016-09-10T09:10:54","guid":{"rendered":"http:\/\/sybrenhellingakunstprijs.kunsthuissyb.nl\/?p=113"},"modified":"2016-12-08T17:11:36","modified_gmt":"2016-12-08T16:11:36","slug":"shortlist-2016-sybren-hellinga-kunstprijs","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/shortlist-2016-sybren-hellinga-kunstprijs\/","title":{"rendered":"Shortlist Sybren Hellinga Kunstprijs 2016"},"content":{"rendered":"<p>De fiif kandidaten foar de Sybren Hellinga Keunstpriis 2016 binne bekend! De sjuery, besteande \u00fat Bianca Stigter, Jaring D\u00fcrst Britt en Riet Wijnen, hat de neikommende keunstners selektearre: Halla Einarsdottir (1991, YS), Milena Naef (1990, DE), Eric Peter (1989, NL), Machteld Rullens (1988, NL) en Sanne Vaassen (1991, NL).<\/p>\n<p>Dizze fiif keunstners sille fan 26 septimber oant en mei 7 oktober oan &#8216;t wurk w\u00eaze yn Keunsth\u00fbs SYB. Oanslutend folget in eksposysjeperioade fan 8 oant en mei 30 oktober.<\/p>\n<p>De sjuery hat de kar makke \u00fat in list fan 26 keunstners dy&#8217;t selektearre waarden troch de programmearringskommisje fan Keunsth\u00fbs SYB. Kriteria dy&#8217;t d\u00ear in rol by spilen, binne de kwaliteit fan it wurk, eigenens, \u00fbndersyk en eksperimint.<\/p>\n<p>Op sneon 29 oktober komt de sjuery gear en wiist dan de winner oan. Dy wint de Sybren Hellinga Keunstpriijs 2016 yn de foarm fan \u20ac 3000. By de eksposysje wurdt ek in publikaasje presintearre.<\/p>\n<p>De fiif kandidaten:<\/p>\n<p><span lang=\"nl-NL\">Halla Einarsdottir (1991, YS), studearre fan &#8216;t jier \u00f4f oan de \u00f4fdieling Grafysk \u00dbntwerpe oan de Gerrit Rietveld Academie. Weromkommende tema&#8217;s yn har wurk binne it gebr\u00fbk fan navigaasje, de ferheljende macht fan objekten en de somtiden subtile relaasje dy&#8217;t de minske hat mei de natuer. Al dy \u00fbnderwerpen komme sawol digitaal as fysyk gear yn har wurk, dat fariearret fan fideo&#8217;s, webstee\u00ebn, publikaasjes en ynstallaasjes.<\/span><\/p>\n<p><a name=\"result_box1\"><\/a><\/p>\n<p><span lang=\"nl-NL\">Milena Naef (1990, DE) studearre fan &#8216;t jier \u00f4f oan de Gerrit Rietveld Academie en w\u00fbn de GRA Award Autonome Keunst 2016. Naef befreget &#8216;besteande&#8217; struktueren dy&#8217;t ynherint binne oan harsels. It wurk besiket de krekte manifestaasje fan de ver\u00fbnderstelde dualiteit tusken lichem en geast te kre\u00ebarjen. Sy fertaalt de skaaimerken fan in subjektive \u00fbnderfining nei in materi\u00eble, transformearret it geastlike yn it fysike en besiket sa in nije relaasje tusken dy twa te finen.<\/span> <a href=\"http:\/\/www.milenanaef.com\" target=\"_blank\">www.milenanaef.com<\/a><\/p>\n<p><span lang=\"nl-NL\">Eric Peter (1989, NL) studearre yn 2013 \u00f4f oan de Koninklijke Academie van Beeldende Kunsten yn De Haach en w\u00fbn de Afdelingsprijs beeldende kunst. Yn syn performative wurkwize kinne projekten liede ta ynstallaasjes, performances, tekst- en fideowurken. Yn syn semy-antropologyske en assosjative wurkwize wurde sosjaal-politike \u00fbnderwerpen \u00fbndersocht om konvinsjes yn de skiednis te befreegjen, krekt lykas kulturele en sosjale noarms. Syn projekten wurde fakentiids yn gearwurking mei oaren makke en biede as kompassyfolle died tsjinwicht oan it noarmative en befoarderje ynklusivens. <\/span><a href=\"http:\/\/www.ericpeter.eu\" target=\"_blank\">www.ericpeter.eu<\/a><\/p>\n<p><span lang=\"nl-NL\">Machteld Rullens (1988, NL) studearre yn 2012 \u00f4f oan de Koninklijke Academie voor Beeldende Kunst yn De Haach en yn 2014 oan it Piet Zwart Instituut yn Rotterdam. Rullens toant de skjintme en absurditeit fan it aldendeiske troch dokumint\u00eare strategyen te kombinearjen mei fiktive eleminten. Sy hellet har ynspiraasje \u00fat de gongberste dingen, dy&#8217;t hja posysjonearret en manipulearret mei as doel it befreegjen fan wierheid en werklikheid. <\/span><a href=\"http:\/\/www.machteldrullens.nl\" target=\"_blank\">www.machteldrullens.nl<\/a><\/p>\n<p><span lang=\"nl-NL\">Sanne Vaassen (1991, NL) studearre yn 2013 cum laude \u00f4f oan de Academie voor Beeldende Kunsten yn Maastricht, d\u00ear&#8217;t hja de Henriette Hustinxpriis \u00fbntfong. D\u00earnei studearre hja oan de Jan van Eyck Academie. De kr\u00eaftmjitting tusken behearsking en kr\u00eaften dy&#8217;t b\u00fbten \u00fas lizze, is in \u00fatgongspunt foar it wurk fan Sanne Vaassen. Yn har fideo&#8217;s, performances en ynstallaasjes stean feroaringsprosessen sintraal. Se \u00fbndersiket de ferskillende foarmen en eigenskippen dy&#8217;t in beweging of ferpleatsing oannimme kin en besiket dy f\u00east te lizzen. <\/span><a href=\"http:\/\/sannevaassen.com\/\" target=\"_blank\">http:\/\/sannevaassen.com\/<\/a><\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p class=\"qtranxs-available-languages-message qtranxs-available-languages-message-fy\">Sorry, dit berjocht is allinne beskikber yn it <a href=\"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/nl\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/113\" class=\"qtranxs-available-language-link qtranxs-available-language-link-nl\" title=\"Ned\">Nederl\u00e2nsk<\/a> en <a href=\"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/en\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/113\" class=\"qtranxs-available-language-link qtranxs-available-language-link-en\" title=\"Eng\">Amerikaansk Ingelsk<\/a>.<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":401,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[1],"tags":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/113"}],"collection":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=113"}],"version-history":[{"count":7,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/113\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":387,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/113\/revisions\/387"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/401"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=113"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=113"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=113"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}