{"id":356,"date":"2016-10-17T15:40:57","date_gmt":"2016-10-17T13:40:57","guid":{"rendered":"http:\/\/sybrenhellingakunstprijs.kunsthuissyb.nl\/?p=356"},"modified":"2016-12-09T10:17:44","modified_gmt":"2016-12-09T09:17:44","slug":"interview-met-de-jury","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/interview-met-de-jury\/","title":{"rendered":"Ynterview mei de sjuery"},"content":{"rendered":"<p><span style=\"color: #000000;\">De seiskoppige programmearringskommisje fan Keunsth\u00fbs SYB selektearre \u00fat de 179 ynstjoerings in longlist fan 26 keunstners. Dy programmearringskommisje, dy\u2019t ek de rest fan de programmearring fan Keunsth\u00fbs SYB foarmjout, bestiet \u00fat keunstners, kurators en kritisy. Hja stean tanksij harren deistige belutsenens garant foar it keurmerk fan Keunsth\u00fbs SYB, dat him as residinsje benammen rjochtet op keunstners dy\u2019t sterk \u00fbndersyksmjittich wurkje en iepenstean foar eksperimint. D\u00earnjonken hawwe hja in unike, \u00fatbalansearre gearstalling op \u2019t each, tanksij harren \u00fatienrinnende eachweid en eftergr\u00fbn.<\/span><\/p>\n<p><span style=\"color: #000000;\">S\u00fbnt it \u00fbntstean fan de Sybren Hellinga Keunstpriis is de sichtberens en it belang fan Keunsth\u00fbs SYB foar de saneamde humuslaach oanwoeksen. De sjuery wol der graach de klam op lizze, dat njonken de residinsjes, dy\u2019t in protte jonge keunstners de finansjele en fysike romte jouwe om nij wurk te \u00fbntwikkeljen, de priis de krekte timing hat om it selsfertrouwen en de enerzjy oan de winnende keunstner te jaan. Dat yn tsjinstelling ta it grutste part fan de oare prizen, dy\u2019t har rjochtsje op keunstners dy\u2019t al mear namme hawwe. D\u00earnjonken is de tentoanstelling in goede gelegenheid foar de shortlist-keunstners om har ta harren wurk, inoar en de keunstwr\u00e2ld te ferh\u00e2lden. B\u00fbten it neitinken oer it wurk wurde de kontoeren fan de kontekst en de posysje dy\u2019t de keunstners d\u00earyn nimme wolle ferskerpt. De priis sels garandearret yn in \u00fbnwis fjild op lange termyn net folle, mar bliuwt lykwols in bef\u00eastiging en in goede oantr\u00fan foar in opkommende keunstner. Dy genietet, krekt lykas de oare nominearren, ekstra sichtberens en kriget troch de priis in beskieden, mar signifikante finansjele bemoediging om fierder te gean. Eardere nominearren wienen \u00fbnder mear Yael Bartana, Maze de Boer, Gwenneth Boelens en <\/span><strong><span style=\"color: #000000;\">Laurence A\u00ebgerter,<\/span><\/strong><span style=\"color: #000000;\"> dy\u2019t no r\u00fbnom bekende nammen yn it l\u00e2nskip fan de Nederl\u00e2nske keunst binne. Itselde jildt foar de winners, w\u00ear\u00fbnder Paulien Oltheten, Lotje van Lieshout en Riet Wijnen \u2013 dy\u2019t as meast resinte winner foar de edysje fan no yn de sjuery plak naam.<\/span><\/p>\n<p><span style=\"color: #000000;\">Begjin septimber stutsen de trije sjueryleden Riet Wijnen, Jaring D\u00fcrst Britt en Bianca Stigter de koppen byinoar om f\u00east te stellen hokker fiif keunstners op de shortlist kamen te stean. De \u00fatkomst bestiet \u00fat Halla Einarsd\u00f3ttir, Milena Naef, Eric Peter, Machteld Rullens en Sanne Vaassen. D\u00fcrst Britt: \u201dWy wienen it der al frij gau mei-inoar oer iens dat de selektearre keunstners wurk meistje dat op himsels stiet en gjin epigoanen binne, mar krekt elts op eigensinnige wize harren eigen preferinsjes en \u00fbnderwerpen \u00fatdjipje.\u201d Bianca Stigter follett him oan: \u201cwe hawwe kandidaten foarbykommen sjoen d\u00ear\u2019t wis wat yn sit, mar it wurk sels wie net d\u00fadlik gen\u00f4ch dokumintearre of hie te folle eftergr\u00fbnynformaasje nedich om in sterke yndruk efter te litten.\u201d D\u00fcrst Britt falt har by: \u201dtagelyk is der ek wurk dat sterk yn de sfear fan \u2018<\/span><span style=\"color: #000000;\"><i>Contemporary Art Daily<\/i><\/span><span style=\"color: #000000;\">\u2019 sit\u201d. \u201dEn&#8230;\u201d, makket Riet Wijnen syn sin \u00f4f, \u201dit giet \u00fas \u00fateinlik net om ien inkeld wurk dat \u00fas oer de streek l\u00fbkt, it giet benammen om in ympresje dy\u2019t gen\u00f4ch yn \u2019e holle hingjen bliuwt om in eigen universum oproppe te kinnen.\u201d Wat it ferskil yn \u00e2ldens en \u00fbnderfining tusken de kandidaten op de longlist oanbelanget, hat de sjuery oarspronklik wach west foar t\u00e9 jonge kandidaten \u00fat \u2019e eangst wei om keunstners te selektearjen dy\u2019t noch net gen\u00f4ch wurk makke hawwe om in lykwichtige yndruk jaan te kinnen. It die neffens D\u00fcrst Britt algau bliken dat soks tanksij de folwoeksenens fan it presintearre wurk oerstallich wie: \u201dDer steane krekt \u00f4fstudearre keunstners op de shortlist, mar dat sjochst hielendal net werom yn it wurk.\u201d<\/span><\/p>\n<p><span style=\"color: #000000;\">De sjuery wie it unanym en frij flot oer de seleksje iens. Stigter: \u201dIk fyn it opmoedigjend dat wy by de kandidaten op de shortlist fuortendaliks los faninoar, optein wienen oer harren wurk, dat der d\u00fadlik kwaliteiten nei boppen ta komme dy\u2019t wy alle trije nettsjinsteande, of krekt tanksij, \u00fas ferskillende eftergr\u00fbn werkenne kinne.\u201d D\u00earnjonken joech de sjuery gjin wearde oan it selektearjen fan in \u00fatbalansearre shortlist op it m\u00ead fan slachte, \u00e2ldens of medium. Keunstners hawwe ommers gjin ynfloed op de foarkar fan harren kollega\u2019s, en mooglike oerienkomsten dogge neat \u00f4f oan de kwaliteit fan in praktyk. Wijnen: \u201dWe hawwe \u00fas \u00e1l \u00f4ffrege oft der sprake w\u00eaze moast fan in \u00f4fwoegen <\/span><span style=\"color: #000000;\">seleksje<\/span><span style=\"color: #000000;\">, en oft it wol sa handich wie om faker as ienris deselde \u00fbnderwerpen en <\/span><span style=\"color: #000000;\">artistike \u00fatgongspunten<\/span><span style=\"color: #000000;\"> foar it fuotljocht te bringen yn ien shortlist. Uteinlik hawwe wy foar kwaliteit keazen. It gearstallen fan de shortlist giet by eintsjebesl\u00fat om de yndividuele kandidaten d\u00ear\u2019t wy fan leauwe dat se in serieuze gadingmakker binne foar de Sybren Hellinga Keunstpriis \u00e9n in goede tentoanstelling delsette kinne.\u201d<\/span><\/p>\n<p><a name=\"_GoBack\"><\/a><span style=\"color: #000000;\">De kr\u00eaft fan de selektearre keunstners leit yn it kre\u00ebarjen fan in oertsj\u00fbgjend universum d\u00ear\u2019t de sinjalen fan in koherint oeuvre al yn werom te kennen binne. D\u00fcrst Britt: \u201dIk tink dat de twa stekwurden fan dizze shortlist <\/span><span style=\"color: #000000;\"><i>polityk engaazjemint<\/i><\/span><span style=\"color: #000000;\"> en <\/span><span style=\"color: #000000;\"><i>po\u00ebtysk<\/i><\/span><span style=\"color: #000000;\"> binne.\u201d Wijnen follet him fierder oan: \u201c&#8230;en der leit ek in sterke klam op it estetyske elemint fan it wurk: it fysike materiaal. It bewust gebr\u00fbk meitsjen en ynsetten d\u00earfan sjochst by hast eltse keunstner troch de praktyk hinne weve.\u201d<\/span><\/p>\n<p><span style=\"color: #000000;\">De sjuery is tige optein oer de shortlist en sjocht der nei \u00fat om op 29 oktober 2016 de Sybren Hellinga Keunstpriis \u00fat te rikken.<\/span><\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>De seiskoppige programmearringskommisje fan Keunsth\u00fbs SYB selektearre \u00fat de 179 ynstjoerings in longlist fan 26 keunstners. Dy programmearringskommisje, dy\u2019t ek de rest fan de programmearring fan Keunsth\u00fbs SYB foarmjout, bestiet \u00fat keunstners, kurators en kritisy. Hja stean tanksij harren deistige belutsenens garant foar it keurmerk fan Keunsth\u00fbs SYB, dat him as residinsje benammen rjochtet op [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":358,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[1],"tags":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/356"}],"collection":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=356"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/356\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":364,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/356\/revisions\/364"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/358"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=356"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=356"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=356"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}