{"id":365,"date":"2016-10-17T15:48:06","date_gmt":"2016-10-17T13:48:06","guid":{"rendered":"http:\/\/sybrenhellingakunstprijs.kunsthuissyb.nl\/?p=365"},"modified":"2016-12-09T10:17:08","modified_gmt":"2016-12-09T09:17:08","slug":"interview-met-halla-einarsdottir","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/interview-met-halla-einarsdottir\/","title":{"rendered":"Ynterview mei Halla Einarsdottir"},"content":{"rendered":"<p>AW [Agnes Winter]: Kinsto wat oer dysels fertelle en w\u00earom\u2019tsto derfoar keazen hast om keunstner te wurden?<\/p>\n<p>HE [Halla Einarsd\u00f3ttir]: Ik bin Halla Einarsd\u00f3ttir en kom \u00fat Reykjav\u00edk yn Ysl\u00e2n. Nei de middelbere skoalle bin ik beg\u00fbn te eksperimintearjen mei fotografy en die ik in stikmannich j\u00fbnskursussen yn tekenjen en fotografy. Ik hie d\u00ear in protte nocht oan en waard nijsgjirrich nei ferskillende wizen fan tinken en observearjen. Ik wit net krekt wat it wie, mar sagau\u2019t ik mei dy eksperiminten beg\u00fbn, fielde it gewoan hiel natuerlik en woe ik dermei trochgean en der mear oer leare.<\/p>\n<p>AW: Do bist fan \u2019t jier \u00f4fstudearre oan de \u00f4fdieling Grafysk \u00dbntwerpen fan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam. Kinsto \u00fas wat fertelle oer hoe\u2019t dyn wurk him yn dyn st\u00fadzjetiid \u00fbntwikkele?<\/p>\n<p>HE: Ja, myn wurk is grif groeid, nammerste mear sjoen it feit dat ik d\u00earfoar amper les h\u00e2n haw op it m\u00ead fan byldzjende keunst. Ik haw ien jier fotografy folge en al oan it begjin fan dat jier \u00fbntdiek ik dat ik graach mei ferskillende media wurkje en mysels leaver net beheinde ta ien medium. Om dy reden bin ik oerstapt nei grafyske foarmjouwing, wat geweldich wie, om\u2019t it in wakker frije rjochting op de Rietveld is. It is ek ridlik autonoom, mar dochs strukturearre. Dat jo leare in protte ferskillende techniken, metoaden en wizen fan wurkjen. Yn it ferrin fan de oplieding krije jo ek aloan mear tiid om te \u00fbndersykjen en jo persoanlike ynteressen te \u00fbntdekken, benammen by it skriuwen fan de skripsje.<\/p>\n<p>AW: Hokfoar tema\u2019s of \u00fbnderwerpen hasto \u00fbndersocht?<\/p>\n<p>HE: Yn it begjin wie ik benammen ynteressearre yn de fisuele taal fan it \u00fbnderwiissysteem of fan edukative boeken, bygelyks hoe\u2019t jo in taal leare. Fand\u00ear\u00fatwei rekke ik mear ynteressearre yn \u201cit fertellen\u201d en hoe\u2019t ferhalen in wurk beynfloedzje kinne. Ik tink dat beide \u00fbnderwerpen noch hieltiten oanw\u00eazich binne yn myn wurk. Mar ik haw ek myn eardere ynteresse yn nostalgyske \u00fbnderwerpen fierder ferkend, hoe\u2019t we d\u00earoan f\u00easth\u00e2lde en dy op in fuotstik sette kinne. Ik wraksele d\u00ear in soad mei en keas kear op kear nuvere objekten om der in folslein projekt oer te meitsjen. Ik moast echt folslein yn dat \u00fbnderwerp d\u00fbke, omdat ik foar mysels begripe moast w\u00earom\u2019t ik der sa fassinearre troch wie. By einbesl\u00fat haw ik myn skripsje skreaun oer brutsen objekten en dat hie ek in wichtige \u00fatwurking op myn wurk.<\/p>\n<p>AW: Wat is it krekt oan brutsen objekten dat dy sa fassinearret?<\/p>\n<p>HE: Der binne in hiele soad dingen dy\u2019t my d\u00earoan ynteressearje. Ik fyn se super kr\u00eaftich: de reden w\u00earom\u2019tst se reparearrest of w\u00earom\u2019tst se krekt net reparearrest. It is, tink ik dy limbo dy\u2019t ik sa nijsgjirrich fyn: dysels twinge om it aloan wer te br\u00fbken, of om it krekt nea wer te br\u00fbken, mar \u00e1l te bewarjen. It is dy d\u00fbbelsinnigens dy\u2019t my hieltiten wer yntrigearret.<\/p>\n<p>AW: Kinsto neiere \u00fatlis jaan oer de ynh\u00e2ld fan dyn skripsje?<\/p>\n<p>HE: It gie oer de \u00fbnderlinge relaasje tusken subjekt en objekt, mar dan benammen oer brutsen of foar in part brutsen objekten. Tsien koarte ferhalen dy\u2019t giene oer sawol histoaryske as mear hjoeddeistige objekten, wienen d\u00ear \u00fbnderdiel fan. Guon wienen folslein fiktyf en oaren wienen mear in soarte fan dr\u00fbge \u00fatlis fan in produkt. Ien d\u00earfan gie oer in b\u00fbgde tintehjerring, dy\u2019t my in skoftlang efterfolge hat. Mar tanksij dy ferhalen, en troch it yn ferskate situaasjes en ferhaallinen setten fan fan objecten, \u00fbntdiek ik de dialogyske kr\u00eaft fan dy objekten. Hoe\u2019t dy mei \u00fas kommunisearje en op hokker wize oft wy harkje. Ik tink dat dy ferheljende kr\u00eaft fan objekten ek ien fan de konkl\u00fazjes wie yn myn skripsje. Mar it wie ek in \u00fbndersyk nei matearje yn fysike sin, wat ik d\u00earfoar noch net safolle dien hie.<\/p>\n<p>AW: Foar dyn \u00f4fstudearjen hasto it wurk Sau\u00f0fj\u00e1rveikivarnargir\u00f0ing (2016) makke, wat in ynstallaasje is oer de kuiertocht dy\u2019tsto makke hast by in \u00e2lde freding yn Ysl\u00e2n l\u00e2ns. Kinsto wat mear fertelle oer dat wurk?<\/p>\n<p>HE: Ja, it wie basearre op in stikkene freding op it plattel\u00e2n yn Ysl\u00e2n. Ik krige d\u00earmei te krijen troch de keunstner Hreinn Fri\u00f0finnsson, dy\u2019t ik assistearre. Hy bewekke de freding en r\u00fbn der alle twa dagen ienkear byl\u00e2ns, nettsjinsteande de \u00f4fst\u00e2n fan sa\u2019n 50 kilometer. Ik hie fan him in protte oer it stek heard, en ek oer de omkriten, en ik wie nijsgjirrich nei hoe goed of hoe min oft it derby stie. Net ien sjocht de freding ea echt, om\u2019t it sa fier\u00f4f is. Ik r\u00fbn yn ien dei by de freding l\u00e2ns en hie net de yntinsje om der in wurk oer te meitsjen, lykwols dokumintearre ik de tocht. Ik wie der ek gewoan benijd nei oft ik der fysyk ta by steat wie. Nei de kuiertocht rekke ik noch mear fassinearre troch it stek; benammen al it stikeltried sp\u00fbke my hieltiten mar yn \u2019e holle om. Sagau\u2019t ik beg\u00fbn mei it skriuwen oer de reis en oer myn \u00fbnderfining mei stikeltried, wylst ik \u00fbndersyk die en relevante ferhalen sammele, fernaam ik dat der in fysike ferskiningsfoarm nedich wie foar it wurk dat ik meitsje woe. Yn de grafyske foarmjouwing studearje fansels in protte lju \u00f4f mei in publikaasje of mei in samling affysjes. Grif is it ek de wize w\u00earop\u2019t ik ornaris wurkje, dat ik oanstriid haw om trijediminsjonale eleminten ta te foegjen oan in twadiminsjonaal wurk. Dat op &#8216;t l\u00east haw ik in ynstallaaasje makke op basis fan de ferzje dy\u2019t se by it Kansas Museum of Barbed Wire hebben (La Crosse, Kansas, USA). Yn de presintaasje haw ik myn teksten, tekenings en skulptueren fan fergrutte oerbliuwsels fan de freding ferwurke.<\/p>\n<p>AW: Op hokker wize hat de freding dyn belangstelling foar stikeltried wekker makke?<\/p>\n<p>HE: De freding bestiet \u00fat stikeltried en hout, en ik haw d\u00ear nochal in soad mei wraksele. Stikeltried hat ommers r\u00fbge en wrede konnotaasjes wylst de omkriten dy\u2019t ik dokumintearre en fotografearre op myn kuier krekt hiel romantysk wienen. Ik bedoel, it ferhaal fan it stek is winlik alhiel net r\u00fbch. En by einbesl\u00fat seach ik der sels in beskate skjintme yn, ek al wie it objekt sels ferfallen en ferrotte. Yn in petear mei myn learaar Edward Clydesdale Thomson, kamen wy ta de konkl\u00fazje dat, nettsjinsteande it feit dat in freding faak gewelddiedige konnotaasjes hat, it ferhaal fan in freding ynh\u00e2ldt dat dy oan \u2019e ein fergiet, ek al giet d\u00ear faak in hiel skoft oerhinne. Dus einliks is it in tige optimistyske fyzje op in omfreding, faaks sels wol te posityf.<\/p>\n<p>AW: Kuierjen liket in weromkommend tema te w\u00eazen yn dyn wurk, yn Sau\u00f0fj\u00e1rveikivarnargir\u00f0ing, mar ek yn dyn eardere wurk A Blurry Berlin (2015). Yn dy fideo beskriuwsto hoe\u2019tsto Berlyn \u00fbnderf\u00fbn hast op in kuiertocht s\u00fbnder dyn bril. W\u00earom is kuierjen wichtich yn dyn wurk?<\/p>\n<p>HE: Ik tink dat it foar my goed wurkt, troch de wize w\u00earop\u2019tsto tinkst \u00fbnder in beskate soarte fan kuiertocht. Bygelyks ast yn in supermerk bist of op in kuiertocht: op ferskillende plakken funksjonearret de geast op hiel \u00fbngelikense wizen. Ik bin fan miening dat dy \u00fbnderskate omkriten in spesifike nijsgjirrigens of tinzen oproppe, dy\u2019t \u00fateinlik ta in wurk liede kinne. Ik soe graach mear kuierje wolle foar myn wurk.<\/p>\n<p>AW: Dus kuierje as middel om nei te tinken of te \u00fbndersykjen?<\/p>\n<p>HE: Jawis, ik tink fan allebeide, mar op ferskillende wizen. Soms wurket it as in \u00fbnbewuste ympuls en soms br\u00fbk ik it mear bewust, lykas yn A Blurry Berlin, d\u00ear\u2019t ik ferskate kuiertochten yn makke foar elts part fan it wurk.<\/p>\n<p>AW: Wat betsjut it foar dy om nominearre te w\u00eazen foar de Sybren Hellinga Keunstpriis?<\/p>\n<p>HE: Ik fielde my enoarm fereare. Ek omdat ik fan de \u00f4fdieling Grafyske Foarmjouwing kom is it in ekstra motivaasje. It bef\u00eastige foar my dat ik ek by steat bin om autonoom wurk te meitsjen en dat ik d\u00earmei trochgean moat.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>AW [Agnes Winter]: Kinsto wat oer dysels fertelle en w\u00earom\u2019tsto derfoar keazen hast om keunstner te wurden? HE [Halla Einarsd\u00f3ttir]: Ik bin Halla Einarsd\u00f3ttir en kom \u00fat Reykjav\u00edk yn Ysl\u00e2n. Nei de middelbere skoalle bin ik beg\u00fbn te eksperimintearjen mei fotografy en die ik in stikmannich j\u00fbnskursussen yn tekenjen en fotografy. Ik hie d\u00ear in [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":366,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[1],"tags":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/365"}],"collection":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=365"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/365\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":371,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/365\/revisions\/371"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/366"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=365"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=365"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=365"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}