{"id":372,"date":"2016-10-17T16:03:26","date_gmt":"2016-10-17T14:03:26","guid":{"rendered":"http:\/\/sybrenhellingakunstprijs.kunsthuissyb.nl\/?p=372"},"modified":"2018-03-26T14:31:18","modified_gmt":"2018-03-26T12:31:18","slug":"interview-met-milena-naef","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/interview-met-milena-naef\/","title":{"rendered":"Ynterview mei Milena Naef"},"content":{"rendered":"<p>AK [Arianne Kamsteeg]:<\/p>\n<p>Wat is dyn grutste ynspiraasjeboarne?<\/p>\n<p>MN [Milena Naef]:<\/p>\n<p>Ik bin tige ynteressearre yn hoe\u2019t wy stjoerd \u2013 goreogravearre \u2013 wurde troch \u00fas omjouwing. Wy fiele altyd de frijheid en behearsking fan \u00fas eigen kar en beslissings, mar by einbesl\u00fat wurdt wat wy dogge beskaat troch de ferskate struktueren dy\u2019t der yn de romte om \u00fas hinne binne. Wy binne dus likegoed materiaal, in \u00fbnderdieltsje fan \u00fas omjouwing.<\/p>\n<p>AK: Hokker struktueren wurdsto sels troch stjoerd, wat is dyn eftergr\u00fbn?<\/p>\n<p>M: Ik kom \u00fat in \u00e2ld skaai fan byldhouwers. Ik groeide op yn de byldhouskoalle fan \u00fas heit, dat it materiaal en de estetyk fan moarmer wienen altyd om my hinne. Oant foar fjouwer jier haw ik lykwols nea moarmer oppakke doard. Tekenjen, skilderjen, wurkjen mei klaai, ik die it allegearre. Utsein moarmer, want der siet foar my safolle druk en betsjutting efter. En doe\u2019t ik foar it earst mei moarmer beg\u00fbn te wurkjen, die ik dat dan ek tegearre mei \u00fas heit. Ik pakte gewoan in stien, neat konseptueels of relatearre oan de akadeemje. Us heit koe d\u00ear neat mei, dat de druk waard allinnich mar grutter.<\/p>\n<p>Foar myn \u00f4fstudearwurk oan de Gerrit Rietveld Academie woe ik dy druk en tradysje in foarm jaan, d\u00ear\u2019t ik op reagearje koe en it my op in fysyk nivo eigen meitsje koe. Ik keas moarmeren platen d\u00ear\u2019t ik gatten yn makke; dy\u2019t ik presys nei myn lichem &#8211; en allinnich myn lichem &#8211; foarme. Ek al is it wurk foarme nei myn lichem, foar in task\u00f4ger is it goed werom te kennen as in l\u00east, in bongel oan \u2019e foet. Myn lichem en de spesifike kontekst ferwurdt d\u00earmei dus hiel maklik ta in algemien werkenber idee. Boppedat wurdt myn lichem ek folslein abstrahearre, omdatst mar in lyts stikje liif yn it moarmer sjochst: twa hiel ferskillende materialen.<\/p>\n<p>En dat is wat ik aardich fyn, datst eat in kontekst besikest te jaan, in fysike foarm dy\u2019t beet te krijen is en d\u00ear\u2019tst echt wat mei \u00fathelje kinst. Sa haw ik earder bygelyks in gl\u00eazen r\u00eachp\u00fbde makke, wat folslein yn tsjinstelling is ta w\u00ear\u2019t in r\u00eachp\u00fbde normaal foar ornearre is. Yn dit gefal moatsto foar de r\u00eachp\u00fbde soargje, yn stee fan de r\u00eachp\u00fbde foar dy.<\/p>\n<p>AK: Hoe kiesto binnen dy grutte linen dyn \u00fbnderwerpen?<\/p>\n<p>MN: It is foar my faak tige persoanlik. Dingen dy\u2019t ik sels \u00fbnderf\u00fbn haw, dingen dy\u2019t ik tsjinkom en dy\u2019t miskien hiel lyts binne, mar d\u00ear\u2019t ik wol betsjutting oan ferbyn. Doe\u2019t ik studearre wie ik wakker oan \u2019t wrakseljen mei it idee dat myn wurk net persoanlik w\u00eaze moast of mocht. It waard my lykwols hieltyd d\u00fadliker dat ik wat ik tink en fiel net \u00fbntstride kin, dus besykje ik it ynstee d\u00earfan yn te setten. Krekt ast der mei begjinst te wurkjen, stiichst boppe dat persoanlike \u00fat en wurdt it wat folle universelers. Wat ik meitsje is ommers in materi\u00eble oersetting fan in gefoel.<\/p>\n<p>AK: Watfoar materiaal br\u00fbksto en hoe ferh\u00e2ldsto dy ta dat materiaal?<\/p>\n<p>MN: Njonken it wurkjen mei moarmer en gl\u00eas tekenje ik in protte, mei alles wat ik yn \u2019e hannen krij. Myn tekenings sjoch ik net as autonome einprodukten, mar se binne al essinsjeel yn myn proses, omdat ik se as it begjinpunt fan in wurk sjoch. Ik wol ek graach mei papier begjinne te wurkjen. Steapels en steapels papier om eat mei te bouwen. Ik fyn it in tige sensueel materiaal. It is hiel fyntsjes, mar mei\u00efnoar is it sa sterk. Sels ast in geweldige hoemannichte hast, kinst hiel maklik elts \u00f4fs\u00fbnderlik bledsje sjen en kinst de foarm dus ek hiel maklik op yndividueel nivo oanpasse en fersteure. D\u00earby bin ik bot ynteressearre yn beweging. Trije jier ferlyn beg\u00fbn ik mei d\u00fbnsjen, om myn holle mear mei myn lichem te ferbinen. Dat groeide al gau \u00fat ta in wichtige r\u00fbtine yn myn libben en yn it ferlingde yn myn wurk. Ut bewegings wei in goreografy meitsje d\u00ear\u2019t minsken har oan oanpasse moatte en d\u00earmei \u2018gr\u00fbning\u2019 \u2013 konneksje tusken lichem en geast \u2013 kre\u00ebarje. In lichem ynsette kin so \u2018empowering\u2019 wurkje, sawol foar my as foar de besiker.<\/p>\n<p>AK: Hoe ferwurkesto dy ferskillende gefoelichheden en materialiteiten yn dyn wurk?<\/p>\n<p>MN: Myn wurk hat in protte lagen, sa gie myn \u00f4fstudearwurk oer folle mear as allinnich it performative. It spul tusken oan- en \u00f4fw\u00eazigens, it al of net aktivearjen fan it wurk en de frustraasje en \u00fbngelikens dy\u2019t d\u00ear foar my en de besiker by hearre, fyn ik nijsgjirrich. Mar \u00fateinlik woe ik de wurken harren eigen identiteit en romte (mei)jaan, dat it op harsels steande wurken binne. Hja sille my op \u2019t l\u00east grif oerlibje. De moarmeren platen sjoch ik dan ek wol as in argyf. Hoewol yn moarmer kapt, is de foam sa spesifyk foar d\u00ear\u2019t myn lichem ta by steat wie op it stuit fan meitsjen. It is in argyf fan materi\u00eble momintopnamen, fan mooglikheden, w\u00earby\u2019t de mjittings dien binne mei myn lichem. D\u00ear spilet de fraach hoe\u2019t men tiid en romte mjit mei allinnich jins lichem. It idee dat jins lichem in folume is dat altyd en oeral romte ynnimt, wie foar my in wier bys\u00fbndere realisaasje.<\/p>\n<p>AK: Hoe ferh\u00e2lde dyn persoanlike \u00fbnderfinings har ta dy fan dyn publyk?<\/p>\n<p>MN: Ik wurkje benammen \u00fat myn eigen \u00fbnderfining wei, mar ik besykje de task\u00f4ger der \u00e1l ta oan te setten om op in aktive wize syn eigen \u00fbnderfinings en ferbinings yn te setten. Yn myn performances jou ik bygelyks in soad ynfloed oan de task\u00f4ger, s\u00fbnder dat dy it faaks trochhat. Dat is ek eat dat ik tenei graach \u00fatbouwe wolle soe, it idee fan de task\u00f4ger as \u00fbnderdiel, as materiaal fan myn wurk.<\/p>\n<p>Yn Fleeting Parts besykje ik de besiker earst yn fysike sin him ta myn wurk ferh\u00e2lde te litten, d\u00ear\u2019t \u00fateinlik in persoanlik weromkennen troch \u00fbntstiet. Foar my wurket it allinnich as dat in direkte, d\u00fadlike konneksje is. As ik wat \u00fatlizze moat om dy konneksje te meitsjen, is it wurk wat my oanbelanget net slagge. Ik h\u00e2ld fan simpele dingen dy\u2019t goed wurkje. As der net te folle muoite yn sit, it in lytse, mar krekte kar is, d\u00ear\u2019t it fuort fan d\u00fadlik is w\u00earom\u2019t hieltyd in beskate kar dien is. Ik bin net goed yn it bouwen fan enoarme ferhalen, foar my kinne krekt de lytste realisaasjes de grutste \u00fatwurking hawwe.<\/p>\n<p>AK: Hoe ferh\u00e2lde do en dyn wurk har ta in lokaasje?<\/p>\n<p>MN: Ik wurkje graach site specific. It is yn oarder as de kontekst letter feroaret, mar in spesifike omtjouwing te hawwen om d\u00ear\u00fatwei te begjinnen fyn ik wol hiel noflik. Ik ken de romte by Keunsth\u00fbs SYB bygelyks noch net sa goed en ik soe hiel graach mei de romte wurkje, mar tiid-technysk sil dat my diskear net slagje. Ik wol benammen in moaie tentoanstelling meitsje mei wurk d\u00ear\u2019t ik betrouwen yn haw en sjen nei hoe\u2019t de romte him oan my presintearret, wat dy fan my freget en hoe\u2019t ik d\u00earop reagearje kin, d\u00ear mei omgean kin.<\/p>\n<p>AK: Wat is dyn folgjende stap?<\/p>\n<p><a name=\"_GoBack\"><\/a>MN: Ik wol noch efkes wachtsje foar\u2019t ik oan in master begjinne sil. Ik tink dat ik in protte nijs leare sil, no\u2019t ik \u00fat it feilige fermidden fan de Rietveld kommen bin. Ik sil grif sa \u00fat en troch stroffelje en mistaaste, mar dat is learsum. Salang\u2019t wurkje en leare harren boartlikens mar beh\u00e2lde. It is tiid om myn eigen struktuer om yn te wurkjen, myn eigen \u2018ynstelling\u2019 te bouwen en d\u00ear haw ik in hiel soad nocht oan!<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>AK [Arianne Kamsteeg]: Wat is dyn grutste ynspiraasjeboarne? MN [Milena Naef]: Ik bin tige ynteressearre yn hoe\u2019t wy stjoerd \u2013 goreogravearre \u2013 wurde troch \u00fas omjouwing. Wy fiele altyd de frijheid en behearsking fan \u00fas eigen kar en beslissings, mar by einbesl\u00fat wurdt wat wy dogge beskaat troch de ferskate struktueren dy\u2019t der yn de [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":388,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[1],"tags":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/372"}],"collection":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=372"}],"version-history":[{"count":3,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/372\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":419,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/372\/revisions\/419"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/388"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=372"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=372"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=372"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}