{"id":376,"date":"2016-10-17T16:13:39","date_gmt":"2016-10-17T14:13:39","guid":{"rendered":"http:\/\/sybrenhellingakunstprijs.kunsthuissyb.nl\/?p=376"},"modified":"2016-12-09T10:16:28","modified_gmt":"2016-12-09T09:16:28","slug":"interview-met-eric-peter","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/interview-met-eric-peter\/","title":{"rendered":"Ynterview mei Eric Peter"},"content":{"rendered":"<p>MV (Menno Vuister):<br \/>\nDo bist beg\u00fbn mei in jier keunstskiednis oan \u2019e Universiteit Utrecht. Hoe is it dan kommen datsto no keunstner bist?<\/p>\n<p>EP (Eric Peter):<br \/>\nIk tink dat de kar foar keunstskiednis foar in part kaam troch it fermidden d\u00ear\u2019t ik yn siet. Ik haw gymnasium dien en it wie de bedoeling datst d\u00earnei nei de universiteit giest. Ik hie einliks nea om in keunstakadeemje sind. Op de universiteit hie ik argewaasje fan lju dy\u2019t allinnich mar fan boekekennis lieken \u00fat te gean. Ik wie hiel bot mei antropology dwaande en hie hope dat ik dat mear weromfine soe yn de st\u00fadzje. Ik wie benammen ynteressearre yn de persoan efter de keunstner. Letter krige ik in soad kunde op de keunstakadeemje en bin doe oerstapt nei de akadeemje, rjochting fotografy. Myn wurk wie d\u00ear fierstente \u2018autonoom\u2019 foar it kurrikulum. D\u00earnei bin ik pas beg\u00fbn mei byldzjende keunst te studearjen.<\/p>\n<p>MV:<br \/>\nDyn ynteresse yn antropology sit wakker ferweve yn dyn wurk. W\u00ear is dat beg\u00fbn?<\/p>\n<p>EP:<br \/>\nIk bin opgroeid yn Dordrecht, in eil\u00e2n yn de Biblebelt. Dat is benearjend, ek al is it wat frijer as yn de doarpen deromhinne. Myn ynteresse yn antropology beg\u00fbn as in soarte fan flecht \u00fat dy wr\u00e2ld nei folslein oare idee\u00ebn en persepsjes. Ik tink dat it my tige holpen hat om dingen relativearje te kinnen. Ik koe altyd nei in oare kultuer, oar gebr\u00fbk of eat \u00fat in oar tiidrek sjen en dat joech de mooglikheid om dingen oars te sjen. Sa is dat winliken groeid. Ik besefte okkerjiers dat de Ynjeske ynfloed fan myn pake en beppe d\u00ear ek in rol yn spile hat. Yn harren h\u00fbs hienen se allegearre opstoppe krokodillen, Kelims, Batik en Wajangpoppen. As bern f\u00fbn ik dat magysk.<\/p>\n<p>MV:<br \/>\nYn dyn wurk sit in driuw nei ferb\u00fbnens, nei watst relasjoneel neame kinne soest.<\/p>\n<p>EP:<br \/>\nBenammen Familiar Strangers: Conversations on the Near Future (2016) is d\u00ear in goed foarbyld fan. Yn myn wurk wol ik fragen oproppe oer beskate tinkwizen, aktuele tema\u2019s of in beskaat sentimint yn de maatskippij \u2013 mar net op in dogmatyske wize. doe\u2019t ik beg\u00fbn mei performance as medium die ik alles sels. D\u00eartroch gie it hiel bot om my as yndividu en dat wie eins hielendal net belangryk foar de betsjutting fan it wurk. D\u00earnei haw ik der oaren by belutsen. Letter hawwe dy minsken, lykas yn Familiar Strangers, folle mear in eigen aktive rol yn dat wurk krige. D\u00earby fyn ik it fan belang om aktyf in dialooch oan te gean. Fo\u00e1r dy tiid wienen se mear passive akteurs.<\/p>\n<p>MV:<br \/>\nDer wurdt op de akadeemje faak praat oer it finen fan jins foarm; it medium d\u00ear\u2019t men jins idee\u00ebn it b\u00east mei nei b\u00fbten bringe kinst. Hoe is it idee opkommen datsto dat troch performances dwaan woest?<\/p>\n<p>EP:<br \/>\nIk tink dat it weromgiet op klassike antropologyske bylden dy\u2019t ik \u00fat myn jeugd ken. Ik f\u00fbn it altyd sa kr\u00eaftich as in d\u00fbns of in beskaat ritueel plakf\u00fbn, hoe\u2019t de ynteraksje tusken minsken is as soks bart en hoe\u2019t it minsken bynt. It moaie oan performance fyn ik dat it reagearret op in momint en op de minsken dy\u2019t d\u00ear binne. Soms wurdt dat \u2018teatraal\u2019 neamd yn it deistich libben. Foar my fielt it hiel natuerlik, en ek yn myn fotografy kaam dat nei b\u00fbten. Skilderjen haw ik bygelyks nea wat mei h\u00e2n. No bin ik wol wat dingen mei ferve oan it dekorearjen.<\/p>\n<p>MV:<br \/>\nIk haw it gefoel dat in soad jonge keunstners oanstriid hawwe om in polityk of maatskiplik st\u00e2npunt yn te nimmen, of dat se in engazjearre tema sykje om it belang fan keunst foar de maatskippij bewize te kinnen. Hoe ferh\u00e2ldsto dy d\u00earta?<\/p>\n<p>EP:<br \/>\nD\u00ear tink ik somtiden wol oer, mar al fo\u00e1rdat ik keunst makke, wie ik in soarte abbekaat fan de duvel. Ik woe altyd dy oare miening nei foarren bringe om minsken oan it tinken te setten. Der binne keunstners dy\u2019t aktivistysk en nijsgjirrich wurk meitsje wat dan folslein \u00fbnestetysk is. D\u00ear kin ik net folle mei. It giet my der folle mear om dat eat hiel moai is en tagelyk ek wat ynh\u00e2ldliks \u00fatdraagt. Ik h\u00e2ld my ek net dwaande mei oft eat mear wearde hat omdat it engazjearre is. Ik besykje gewoan te dwaan wat ik wol en te adressearjen wat ik wichtich fyn.<\/p>\n<p>MV:<br \/>\nEstetyk is dus in d\u00fadlike betingst foar dyn artistike praktyk. Hoe setsto dyn idee\u00ebn en \u00fbndersyk om ta wat estetysk?<\/p>\n<p>EP:<br \/>\nSoms falt in byld datst yn \u2019e holle hast ynienen gear mei in idee of \u00fbndersyk. Dat giet faak hiel organysk. By myn residencies yn it Vasl Artist\u2019s Collective yn Pakistan en The Unifiedfield op de Filippinen (beide 2015) hie ik bygelyks samar in stikmannich wurdkombinaasjes opskreaun. Doe\u2019t ik dy letter yn myn notysjeboekje seach, waarden dat nammen fan personaazjs. Sa beg\u00fbn ik oan in teaterstik te skriuwen. Op \u2019t l\u00east komt it \u00fbndersyk faak hiel yntu\u00eftyf ta in byld, of ik perform mei materiaal, om samar te sizzen. Ik gean dan yn myn atelier op yn in soarte fan ritueel of performance d\u00ear\u2019t materiaal in funksje yn kriget. D\u00earfoar fret ik ynformaasje en alle bylden dy\u2019t d\u00ear\u00fat fuortkomme, binne d\u00earmei trochweakke.<\/p>\n<p>MV:<br \/>\nEn dan Keunsth\u00fbs SYB. Hoe bisto d\u00earmei yn \u2019e kunde rekke?<\/p>\n<p>EP:<br \/>\nS\u00fbnt it tredde jier fan de akadeemje woe ik al in residency dwaan yn Keunsth\u00fbs SYB. Ik tocht as ik d\u00ear ree foar bin, doch ik dat wol in kear. Fia Rory Pilgrim en Jasper Griepink, fan wa\u2019t it wurk op dat fan my oansl\u00fat, hearde ik ek fan SYB. It giet my dus al in jiermannich yn \u2019e holle om. Doe seach ik de open call [voor de Sybren Hellinga Kunstprijs, red.] en tocht: \u201cNo, ik besykje it.\u201d<\/p>\n<p>MV:<br \/>\nHasto faker op sa\u2019n, of soartgelikense wize wurk ynstjoerd?<\/p>\n<p>EP:<br \/>\nJa, ik bin eins altyd wol oan \u2019e gong mei open calls om myn wurk nei b\u00fbten te krijen.<\/p>\n<p>MV:<br \/>\nSjochsto open calls yn it bys\u00fbnder ek as in goede mooglikheid foar jonge keunstners om wurk te toanen en om der omtinken foar te krijen?<\/p>\n<p>EP: Ik tink wol dat it goed is, omdatst dan oer dyn wurk skriuwe moatst, dus ik fernim wol dat ik sels better wurden bin yn dingen te oertinken en \u00fbnder wurden te bringen en budzjetplannen te meitsjen. It is ek goed om eat b\u00fbten dyn eigen netwurk de wr\u00e2ld yn te stjoeren. Ik wit allinnich net oft it altiten goed is. Yn tsjinstelling ta Keunsth\u00fbs SYB binne der ek in soad opportunistyske initisjatyfkes dy\u2019t allinnich mar jild opstrike wolle oer de r\u00each fan (jonge) keunstners.<\/p>\n<p>MV:<br \/>\nDo silst, krekt as de oare fjouwer nominearren, wurk sjen litte yn Keunsth\u00fbs SYB. Hasto al in idee fan watsto toane wolst?<\/p>\n<p>EP:<br \/>\nIk wol aldergraachst in projekt sjen litte d\u00ear\u2019t ik no mei dwaande bin, in poppeteater, mar dat wol ik net yn s\u00e2n hasten \u00f4froffelje. Dochs wol ik net wer de fideo\u2019s fan Familiar Strangers fertoane. It sil dus in ynstallaasje wurden d\u00ear\u2019t ik in oanset yn sjen lit; in ferzje dy\u2019t toant w\u00ear\u2019t it stik Generous Government and the Triad of Sorrows no sit.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>MV (Menno Vuister): Do bist beg\u00fbn mei in jier keunstskiednis oan \u2019e Universiteit Utrecht. Hoe is it dan kommen datsto no keunstner bist? EP (Eric Peter): Ik tink dat de kar foar keunstskiednis foar in part kaam troch it fermidden d\u00ear\u2019t ik yn siet. Ik haw gymnasium dien en it wie de bedoeling datst d\u00earnei [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":378,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[1],"tags":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/376"}],"collection":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=376"}],"version-history":[{"count":6,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/376\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":383,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/376\/revisions\/383"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/378"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=376"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=376"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=376"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}