{"id":390,"date":"2016-10-17T16:42:21","date_gmt":"2016-10-17T14:42:21","guid":{"rendered":"http:\/\/sybrenhellingakunstprijs.kunsthuissyb.nl\/?p=390"},"modified":"2016-12-09T10:16:16","modified_gmt":"2016-12-09T09:16:16","slug":"interview-met-machteld-rullens","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/interview-met-machteld-rullens\/","title":{"rendered":"Ynterview mei Machteld Rullens"},"content":{"rendered":"<p>YJ [Yasmijn Jarram]<br \/>\nW\u00earom naamsto it besl\u00fat om nei de keunstakadeemje te gean?<\/p>\n<p>MR [Machteld Rullens]<br \/>\n\u2018Ik tink dat myn kar om keunstner te wurden te meitsjen hat mei it h\u00fbs d\u00ear\u2019t ik yn opgroeide. Us heit en mem binne altyd guod oan it sammeljen en te ferskowen. Hja binne krekt \u00fat Rome werom nei Nederl\u00e2n ferfearn en it h\u00fbs stiet fol \u2013 fan alles hawwe se no twa. Fan jongs \u00f4f oan bin ik al dat guod oan it tekenjen. It h\u00fbs wie foarhinne fan Amerikanen en myn keamer hie in behang fan Coca Cola-logo\u2019s. It flierkleed wie sels read mei wyt. Doe\u2019t it tiid waard om \u00fat it \u00e2lderlik h\u00fbs wei te gean, woe ik wat dwaan d\u00ear\u2019t ik it tinken mei de hannen mei kombinearje koe mei myn tinzen, sawol op filosofysk as op sosjaal m\u00ead. Op de akadeemje koe ik dat net fuortendaliks fine; ik haw bot oan \u2019t sykjen west om wat ik dwaan woe. Kinst suver wol sizze dat ik der gjin aan fan hie wat it keunstnerskip ynhold. Alles wat ik die wie in besykjen.\u2019<\/p>\n<p>YJ<br \/>\nNei it \u00f4fstudearjen oan de KABK [Koninklijke Academie van Beeldende Kunsten, De Haach] yn 2012 bisto beg\u00fbn oan in master oan it Piet Zwart Institute yn Rotterdam. W\u00earom hasto d\u00earfoar keazen?<\/p>\n<p>MR<br \/>\n\u2018It Piet Zwart Institute spruts my oan omdat der in groep tige opteine lju mei ferskillende eftergr\u00fbnen byinoar komt. Jo hawwe in enoarme studio ta jo foldwaan en jo wurde oanfitere om hieltyd op \u2019e nij jo wurk te presintearjen en te besprekken. Ik haw d\u00ear in protte fan meistudinten leard, bygelyks om it langer oan tiid te nimmen foar myn wurk. Myn keunstner w\u00eazen is gjin sprint, ik rin de maraton.\u2019<\/p>\n<p>YJ<br \/>\nDo wurkest benammen mei fideo en ynstallaasje. Wat fynsto d\u00ear nijsgjirrich oan?<\/p>\n<p>MR<br \/>\n\u2018Yn fideo kinst de realiteit folslein ferknippe, hoewol\u2019t de realiteit somtiden al absurder is as watst ea betinke kinne soest. Setst \u00fat in registraasje wei \u00fat ein. Ik tink gauris yn bylden en besykje dy bylden de l\u00easte tiid te fersimpeljen. Fideo hat ek in soarte fan magy yn him, it kin hypnotisearjend w\u00eaze. D\u00earnjonken is bewegend byld r\u00fbnom. Nammers haw ik pas op \u2019e akadeemje foar \u2019t earst in fideokamera oppakt. Dy na\u00efvens en \u2018begjinnerslok\u2019 besykje ik yn elts wurk op \u2019e nij by mysels op te roppen.\u2019<\/p>\n<p>YJ<br \/>\nHast d\u00ear in foarbyld fan?<\/p>\n<p>MR<br \/>\n\u2018Op myn solotentoanstelling The Latest by galery Rianne Groen, begjin 2016 presintearre ik wurk basearre op de metro fan Parys, \u00fbntwurpen troch Hector Guimard. Syn Art Deco-yngong ta de \u00fbndergr\u00fbnske is in symboal fan Parys. Sierlik, mar dochs tebekh\u00e2ldend. Ik learde yn trije moanne laskjen yn \u2019e studio fan Ne\u00efl Beloufa, krekt b\u00fbten Parys, en wurke foar \u2019t earst mei stieltried. Yn de fideo, dy\u2019t in part \u00fatmakket fan de ynstallaasje, is myn stekwurk op \u2019e nij sichtber. De haadrol is ornearre foar in ienearmige kreeft dy\u2019t yn it Fr\u00e2nsk klaget oer de maatskippij en by einbesl\u00fat sean wurdt.\u2019<\/p>\n<p>YJ<br \/>\nDo hast dus in skoft yn Parys wenne en wurke. Hat dat ynfloed h\u00e2n op de ynh\u00e2ld of it proses rjochting in \u2018folt\u00f4ge\u2019 wurk? Untstiet dyn wurk faak \u00fat spesifike plakken of ynteraksjes wei?<\/p>\n<p>MR<br \/>\n\u2018It plak d\u00ear\u2019t myn wurk makke of tentoansteld wurdt, is wichtich. D\u00ear set ik faak mei \u00fat ein. Wat spilet him d\u00ear \u00f4f? Hoe reagearje minsken op harren omjouwing? Hoe beweech iksels yn dy romte? Hoe gean ik yn dit gefal om mei it kompetitive elemint yn dizze eksposysje? Hoe kinne wy kollektyf rebellearje? It binne de lytse details yn in grutter gehiel. Myn wurk komt altyd fuort \u00fat in gearwurking. Ik besykje mysels \u00fat te daagjen troch oaren yn it kreaasjeproses te beheljen \u2013 dan freegje ik bygelyks ien om op datselde pak eat te beantwurdzjen oer in byld of situaasje, of ik jou oanwizings en sjoch hoefier oft hy of sy d\u00earyn meigiet. Yn Gent wenne ik njonken it St. Pitersplein, in grut leech plein d\u00ear\u2019t ik faak siet. Op in dei merkte ik op dat we net sa goed mear witte hoe\u2019t we mei sa\u2019n lege romte omgean kinne. Ik naam it besl\u00fat om minsken te folgjen mei in lange st\u00f4k en in krytsje in \u2019e h\u00e2n, sa \u00fbntstie in \u2018sosjale\u2019 tekening.\u2019<\/p>\n<p>YJ<br \/>\nSpilet performance ek in rol, sjoen dyn ynteresse yn romte, de ferh\u00e2lding tusken minsken en harren h\u00e2lden en dragen?<\/p>\n<p>MR<br \/>\n\u2018Ik tink wiswier nei oer performance, mar wit net sa goed wat it krekt ynh\u00e2ldt. Ik fyn it fassinearjend om te sjen nei minksen dy\u2019t wurkje, dat kin ik oeren dwaan. Der binne YouTube-fideo\u2019s fan minsken dy\u2019t neat oars dogge as it \u00fatpakken fan doazen mei nije produkten, \u2019unboxing\u2019 hyt dat. Geweldich hoe\u2019t minsken sa obsessyf wat dwaan kinne en dat d\u00ear sa\u2019t skynt ek noch in publyk foar is.\u2019<\/p>\n<p>YJ<br \/>\nDus do bist ek in sammelder fan oarmans fassinaasjes.<\/p>\n<p>MR<br \/>\n\u2018In beskate sin wol. Soest sizze kinne dat ik belangstelling haw foar lju dy\u2019t har mei ynmoed op ien ding talizze, faaks om\u2019t ik dat sels net kin. It bliuwt in kombinaasje fan aktyf sykje en spontaan fine. L\u00easten \u00fbntfong ik fia Marktplaats in pakket dat ik hast net \u00fatpakke doarst, sa moai oft it ynpakt wie. Dat haw ik ek bewarre. Miskien dat soks dan letter weromkomt yn in wurk.\u2019<\/p>\n<p>YJ<br \/>\nDo bist nominearre foar de Sybren Hellinga Priis. Koesto Keunsth\u00fbs SYB al?<\/p>\n<p>MR<br \/>\n\u2018jawis, al moat ik earlik bekenne dat ik der noch nea west haw. Ik fyn it in ear om meidwaan te meien en wurk meitsje te kinnen foar in nij publyk. De romte fan SYB is net \u00fbnbidich, dat wy moatte as keunstners \u00fbnderling goed oerlizze.\u2019<\/p>\n<p>YJ<br \/>\nWat soesto yn \u2019e takomst graach nochris berikke wolle?<\/p>\n<p>MR<br \/>\n\u2018Ik hoopje ienris nei Japan te reizgjen, earne d\u00ear\u2019t in kultuer sterk betocht en \u00fattocht is en minsken nei myn idee dy regels ek folgje. Iksels soe d\u00ear hieledal kiezzich fan wurde en der tsjinyn gean. Ik soe ek graach ris in langere film meitsje wolle mei in ploech, mar ik wit noch net w\u00earoer. Oant salang gean ik troch mei sammeljen.\u2019<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>YJ [Yasmijn Jarram] W\u00earom naamsto it besl\u00fat om nei de keunstakadeemje te gean? MR [Machteld Rullens] \u2018Ik tink dat myn kar om keunstner te wurden te meitsjen hat mei it h\u00fbs d\u00ear\u2019t ik yn opgroeide. Us heit en mem binne altyd guod oan it sammeljen en te ferskowen. Hja binne krekt \u00fat Rome werom nei [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":392,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[1],"tags":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/390"}],"collection":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=390"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/390\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":394,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/390\/revisions\/394"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/392"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=390"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=390"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=390"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}