{"id":395,"date":"2016-10-17T16:54:50","date_gmt":"2016-10-17T14:54:50","guid":{"rendered":"http:\/\/sybrenhellingakunstprijs.kunsthuissyb.nl\/?p=395"},"modified":"2016-12-09T10:13:19","modified_gmt":"2016-12-09T09:13:19","slug":"interview-met-sanne-vaassen","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/interview-met-sanne-vaassen\/","title":{"rendered":"Ynterview mei Sanne Vaassen"},"content":{"rendered":"<p>VV [Vincent van Velsen]<\/p>\n<p>Hoe bisto by keunst tel\u00e2ne kommen?<\/p>\n<p>SV [Sanne Vaassen]<\/p>\n<p>Fan jongs \u00f4f oan haw ik in breed belangstellingsfjild: fan skiednis nei natuerkunde oant biology. Mar it wie benammen tekenjen dat my dwaande hold. Ik h\u00e2ld derfan om dingen te observearjen, f\u00east te lizzen en te analysearjen. Eartiids, as wy te kuierjen gienen, wiisde \u00fas heit op dingen dy&#8217;t minder d\u00fadlik te sjen wienen. Hy learde my fierder te sjen. Ik tink dat dat miskien wol in wichtige earste stap west hat rjochting myn tsjintwurdige praktyk.<\/p>\n<p>VV<\/p>\n<p>En hoe soest dy praktyk omskriuwe?<\/p>\n<p>SV<\/p>\n<p>Ik haw koartlyn serieus neitocht oer hoe\u2019t ik myn wurk yn trije wurden omskriuwe kinne soe, mar doe kaam ik der net rjocht \u00fat. Ik kaam doe op wurden lykas proses, natuer, tiid, momint, identiteit, kultuer, en noch wol mear. Mar hoe\u2019t ik it omskriuwe soe? Ik kin omskriuwe w\u00ear\u2019t it wei komt. Foarhinne \u00fbntstie myn wurk benammen \u00fat in proses, in hanneling, eat dat ik mei de h\u00e2n die, d\u00ear\u2019t him in feroaring troch foardie, dat der in soarte fan foar- en neibarren wie. No kom ik derefter dat ik d\u00ear noch hieltyd wol nei op syk bin yn myn wurk, mar dan yn in grutter gehiel. Alle kearen bart der wat dat in plak hat yn in grutter gehiel. En hieltiten is der in ferrin te sjen, of in feroaring, in tiidsbarren, soest sizze kinne.<\/p>\n<p>VV<\/p>\n<p>Doe\u2019t ik dyn website beseach en wat dingen lies as tarieding tocht ik in \u00fbnderskied te sjen, of twa linen. De iene hat mear te meitsjen mei natuerlike prosessen en de oare mear mei kulturele prosessen, lykas nasjonalisme of it foarmjaan fan mienskiplikens.<\/p>\n<p>SV<\/p>\n<p>Komt wol \u00fat, mar ik soe earder sizze mei identiteit, of uteringen fan identiteit: it f\u00eaststellen of momintopnamen fan identiteit. Lykas in flagge, dat is d\u00ear fansels in hiel sterk symboal fan. Mar ek mei de memmeplakken dy\u2019t ik oerjou oan oaren (Cartography, 2016). It hat te krijen mei in soarte fan portret, of in momintopname fan in identiteit. En it f\u00eastlizzen fan de fallen bl\u00eaden fan in beam (Trails of a tree, 2015), hat ek te krijen mei sa\u2019n soarte fan portret. Lykas dat ek it gefal is mei it f\u00eastlizzen fan it fallen fan de rein. Yn Cumulus (2016) lis ik yn s\u00e2n feltsjes it ferrin fan in reinbui f\u00east.<\/p>\n<p>VV<\/p>\n<p>Dus yn dy sin is it in anty-efemere hanneling. It sk\u00f4gjen fan in ferrin of ferfleanen fan eat en it byhearrende proses f\u00eastlizze. Krekt as de ynfloed fan in natuerlik proses op fysike matearje. Tagelyk leist hiel bot in struktuer f\u00east om dyn wurk yn te meitsjen. Skriuwst rjochtlinen yn \u2019t foar en dy fierst dan \u00fat. D\u00eartroch is it oan \u2019e iene kant los, \u00f4fhinklik fan natuerlik tafal, mar oan de oare kant setst it ek hiel bot yn in lyts ramt, lykas bygelyks letterlik op in A4\u2019ke en mei foar\u00f4f f\u00eaststelde hannelingen om ta it wurk te kommen. Hoe komsto ta dy spesifike \u00f4ffredings, hannelingen of \u00fbnderwerpen?<\/p>\n<p>SV<\/p>\n<p>Dat is sa. Der is dan eat dat ik nijsgjirrich fyn. Lykas rein, rivier, see, ferdamping. Dat fenomeen h\u00e2ldt my yn \u2019e besnijing en dat besykje ik dan op ien of oare wize f\u00east te lizzen. Mar om soks f\u00eastlizze te kinnen, stel ik foar mysels al regels op. Om se dan \u00fat in ramt wei plak jaan te kinnen. It giet almeast om sirkul\u00eare prosessen. Yt begjin en de ein fan de rein, eb en floed of de beam bleatsteld oan de seizoenen. De eleminten binne sowieso weromkommende eleminten \u2013 hoewol fjoer noch net.<\/p>\n<p>VV<\/p>\n<p>En it binne foar it meast oan de natuer b\u00fbne prosessen?<\/p>\n<p>SV<\/p>\n<p>Ja. Alteast, dat wie it. Der fynt op \u2019t stuit in ferskowing plak. In goed foarbyld fan in nij wurk is Flags (2016). Dat is in projekt d\u00ear\u2019t ik flaggen by \u00fatinoar helje, alle triedden \u00fbntfrisselje, dy\u2019t ik dan oan in weefster of wever jou \u00fat it oanbelangende l\u00e2n om der in nij doek fan te meitsjen. Dizze is bygelyks makke troch in Belgyske weefster. Hjir is net echt mear in natuerlik proses oanw\u00eazich. Dit binne troch de minsk makke dingen. In flagge as utering fan in nasjonale identiteit. De identiteit fan in persoan of in l\u00e2n, is in momintopname fan it stuit d\u00ear\u2019t wy yn libje. L\u00e2nsgrinzen feroarje s\u00fbnder oph\u00e2lden. Mar ek in krante dy\u2019t in hiel soad ynfloed hat en de wierheid oanjout, wylst dat net perfoarst de folsleine wierheid is. Wat ik nijsgjirrich fyn, is hoe\u2019t de minsk soks betinkt, sa\u2019n begryp, dat dan wierheid wurdt. Wat d\u00earfoar net echt bestie. Wylst wetter, d\u00ear kinst net folle oars fan meitsje \u2013 dat is.<\/p>\n<p>VV<\/p>\n<p>Binne der rjochtlinen foar de wever fan de flaggen, of litst it oer oan de persoanlikheid? Sjochst it foar harren as hanneling of utering fan in persoanlike identiteit, of mear simpel as in funksjonele hanneling yn dyn wurkproses?<\/p>\n<p>SV<\/p>\n<p>Nee, der binne gjin rjochtlinen. Hoewol\u2019tst no \u00e1l krigest dat de twadde persoan de \u00fatkomst fan de earste al sjoen hat. Dat sil wol ynfloed op inoar krije. Mar ik hoopje dat se \u00fat harsels wei fierder wurkje. Wat ik harren freegje, is om in nij doek te meitsjen fan de flagge fan it oarspronklike l\u00e2n. Mar de ynfolling is hielendal frij. Dus sy binne frij om it te sjen as wat folslein funksjoneels, of as wat hiel boartliks. Ik kin my yntinke dat ien in patroan of in figuerke makket. Se kinne dat allegear sels \u00fatmeitsje, ek it formaat.<\/p>\n<p>VV<\/p>\n<p>Hasto ek de flagge fan Frysl\u00e2n, om by SYB sjen te litten?<\/p>\n<p>SV<\/p>\n<p>Nee, dy net. Ik bin beg\u00fbn mei steaten. En ik wit net sa goed wat ik yn de eksposysje sjen litte moat. Ek om\u2019t ik koartby yn \u2019e rjochting fan oare \u00fbnderwerpen beweech. En dan is it faaks net hielendal represintatyf om \u00e2ldere wurken sjen te litten. Ik tocht earst miskien in kombinaasje fan \u00e2lder en nij. Mar doe tocht ik, ik haw in wurk makke Invisible Present (2015). Yn it ramt fan de \u00fatstalling Intimacy by Marres krige eltse keunstner in h\u00fbs tawiisd en minent hie al in hiel soad keunst en in hiele eigen, strakke styl. Doe haw ik strijkjes \u00f4fnommen fan alle keunstwurken om dy d\u00earnei yn in petryskaaltsje op in fiedingsboaiem groeie te litten ta in nije tekening. D\u00ear koe ik in soarte fan \u00fbnsichtbere oanw\u00eazichheid mei sjen litte, en d\u00ear krigest \u00f4fprinten troch fan de al oanw\u00eazige wurken. Dy dan wer weromprojektearre waarden op it plak d\u00ear\u2019t ik it weihelle hie. <span lang=\"nl-NL\">De foarmen en kleuren dy\u2019t yn de petryskaaltsjes \u00fbnsteane, hawwe wy net yn \u2019e h\u00e2n en binne \u00f4flaat fan matearje \u00fat \u2019e skiednis. It lit \u00fas de \u00fbnsichtbere oanw\u00eazigens op de keunstwurken sjen. Neat is wat it liket; krekt as yn de skiednis en polityk bestiet hjir net ien wierheid. En yn de eksposysje yn Marres hie ik in strijkje fan de bewenners sels; fan him en fan har, sichtber op in ljochtbak.<\/span><\/p>\n<p>Soks so ik ek dwaan kinne by SYB, want ik wol dit fierder \u00fbndersykje. It probleem is dat it giet om mikro-organismen, dy\u2019t faak as wat smoarchs sjoen wurde. Mar d\u00ear giet it hielendal net om. It kin krekt nijsgjirrich w\u00eaze; it soe in tige wiidweidich \u00fbndersyk w\u00eaze kinne, mar dan wol fierder \u00fatwurke. Musea \u00fbndersykje al alle lagen fan in skilderij en meitsje analyzen; en dan soe dit in ekstra laach w\u00eaze kinne. Yn gearwurking mei it Van Abbemuseum, Eindhoven sil ik dat no fierder \u00fatwurkje, mar in ferzje foar SYB soe ek relevant w\u00eaze kinne.<\/p>\n<p>VV<\/p>\n<p>Do bist no ek nominearre foar de Parkstad Limburg Prijs. Dat ik nim oan datst faker oan ditsoarte fan Open Calls meidochst. Hoe kaamst by de Sybren Hellinga Keunstpriis en Keunsth\u00fbs SYB?<\/p>\n<p>SV<\/p>\n<p>Neffens my troch Pieter Paul Pothoven, dy\u2019t d\u00ear ferline jier in residinsje hie. En Ilke Gers [yn it ramt fan Festival of Sports (2015), fan Rieke Vos, red.] mei wa\u2019t ik tagelyk op de Jan van Eyck siet, hat der ek west; en de Open Call foar de priis sels fia Facebook.<\/p>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>VV [Vincent van Velsen] Hoe bisto by keunst tel\u00e2ne kommen? SV [Sanne Vaassen] Fan jongs \u00f4f oan haw ik in breed belangstellingsfjild: fan skiednis nei natuerkunde oant biology. Mar it wie benammen tekenjen dat my dwaande hold. Ik h\u00e2ld derfan om dingen te observearjen, f\u00east te lizzen en te analysearjen. Eartiids, as wy te kuierjen [&hellip;]<\/p>\n","protected":false},"author":2,"featured_media":412,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":[],"categories":[1],"tags":[],"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/395"}],"collection":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=395"}],"version-history":[{"count":2,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/395\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":398,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/posts\/395\/revisions\/398"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media\/412"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=395"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/categories?post=395"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/sybrenhellingakunstprijs.frl\/fy\/wp-json\/wp\/v2\/tags?post=395"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}