17 October 2016

Ynterview mei Milena Naef

Arianne Kamsteeg

AK [Arianne Kamsteeg]:

Wat is dyn grutste ynspiraasjeboarne?

MN [Milena Naef]:

Ik bin tige ynteressearre yn hoe’t wy stjoerd – goreogravearre – wurde troch ús omjouwing. Wy fiele altyd de frijheid en behearsking fan ús eigen kar en beslissings, mar by einbeslút wurdt wat wy dogge beskaat troch de ferskate struktueren dy’t der yn de romte om ús hinne binne. Wy binne dus likegoed materiaal, in ûnderdieltsje fan ús omjouwing.

AK: Hokker struktueren wurdsto sels troch stjoerd, wat is dyn eftergrûn?

M: Ik kom út in âld skaai fan byldhouwers. Ik groeide op yn de byldhouskoalle fan ús heit, dat it materiaal en de estetyk fan moarmer wienen altyd om my hinne. Oant foar fjouwer jier haw ik lykwols nea moarmer oppakke doard. Tekenjen, skilderjen, wurkjen mei klaai, ik die it allegearre. Utsein moarmer, want der siet foar my safolle druk en betsjutting efter. En doe’t ik foar it earst mei moarmer begûn te wurkjen, die ik dat dan ek tegearre mei ús heit. Ik pakte gewoan in stien, neat konseptueels of relatearre oan de akadeemje. Us heit koe dêr neat mei, dat de druk waard allinnich mar grutter.

Foar myn ôfstudearwurk oan de Gerrit Rietveld Academie woe ik dy druk en tradysje in foarm jaan, dêr’t ik op reagearje koe en it my op in fysyk nivo eigen meitsje koe. Ik keas moarmeren platen dêr’t ik gatten yn makke; dy’t ik presys nei myn lichem – en allinnich myn lichem – foarme. Ek al is it wurk foarme nei myn lichem, foar in taskôger is it goed werom te kennen as in lêst, in bongel oan ’e foet. Myn lichem en de spesifike kontekst ferwurdt dêrmei dus hiel maklik ta in algemien werkenber idee. Boppedat wurdt myn lichem ek folslein abstrahearre, omdatst mar in lyts stikje liif yn it moarmer sjochst: twa hiel ferskillende materialen.

En dat is wat ik aardich fyn, datst eat in kontekst besikest te jaan, in fysike foarm dy’t beet te krijen is en dêr’tst echt wat mei úthelje kinst. Sa haw ik earder bygelyks in glêzen rêchpûde makke, wat folslein yn tsjinstelling is ta wêr’t in rêchpûde normaal foar ornearre is. Yn dit gefal moatsto foar de rêchpûde soargje, yn stee fan de rêchpûde foar dy.

AK: Hoe kiesto binnen dy grutte linen dyn ûnderwerpen?

MN: It is foar my faak tige persoanlik. Dingen dy’t ik sels ûnderfûn haw, dingen dy’t ik tsjinkom en dy’t miskien hiel lyts binne, mar dêr’t ik wol betsjutting oan ferbyn. Doe’t ik studearre wie ik wakker oan ’t wrakseljen mei it idee dat myn wurk net persoanlik wêze moast of mocht. It waard my lykwols hieltyd dúdliker dat ik wat ik tink en fiel net ûntstride kin, dus besykje ik it ynstee dêrfan yn te setten. Krekt ast der mei begjinst te wurkjen, stiichst boppe dat persoanlike út en wurdt it wat folle universelers. Wat ik meitsje is ommers in materiële oersetting fan in gefoel.

AK: Watfoar materiaal brûksto en hoe ferhâldsto dy ta dat materiaal?

MN: Njonken it wurkjen mei moarmer en glês tekenje ik in protte, mei alles wat ik yn ’e hannen krij. Myn tekenings sjoch ik net as autonome einprodukten, mar se binne al essinsjeel yn myn proses, omdat ik se as it begjinpunt fan in wurk sjoch. Ik wol ek graach mei papier begjinne te wurkjen. Steapels en steapels papier om eat mei te bouwen. Ik fyn it in tige sensueel materiaal. It is hiel fyntsjes, mar meiïnoar is it sa sterk. Sels ast in geweldige hoemannichte hast, kinst hiel maklik elts ôfsûnderlik bledsje sjen en kinst de foarm dus ek hiel maklik op yndividueel nivo oanpasse en fersteure. Dêrby bin ik bot ynteressearre yn beweging. Trije jier ferlyn begûn ik mei dûnsjen, om myn holle mear mei myn lichem te ferbinen. Dat groeide al gau út ta in wichtige rûtine yn myn libben en yn it ferlingde yn myn wurk. Ut bewegings wei in goreografy meitsje dêr’t minsken har oan oanpasse moatte en dêrmei ‘grûning’ – konneksje tusken lichem en geast – kreëarje. In lichem ynsette kin so ‘empowering’ wurkje, sawol foar my as foar de besiker.

AK: Hoe ferwurkesto dy ferskillende gefoelichheden en materialiteiten yn dyn wurk?

MN: Myn wurk hat in protte lagen, sa gie myn ôfstudearwurk oer folle mear as allinnich it performative. It spul tusken oan- en ôfwêzigens, it al of net aktivearjen fan it wurk en de frustraasje en ûngelikens dy’t dêr foar my en de besiker by hearre, fyn ik nijsgjirrich. Mar úteinlik woe ik de wurken harren eigen identiteit en romte (mei)jaan, dat it op harsels steande wurken binne. Hja sille my op ’t lêst grif oerlibje. De moarmeren platen sjoch ik dan ek wol as in argyf. Hoewol yn moarmer kapt, is de foam sa spesifyk foar dêr’t myn lichem ta by steat wie op it stuit fan meitsjen. It is in argyf fan materiële momintopnamen, fan mooglikheden, wêrby’t de mjittings dien binne mei myn lichem. Dêr spilet de fraach hoe’t men tiid en romte mjit mei allinnich jins lichem. It idee dat jins lichem in folume is dat altyd en oeral romte ynnimt, wie foar my in wier bysûndere realisaasje.

AK: Hoe ferhâlde dyn persoanlike ûnderfinings har ta dy fan dyn publyk?

MN: Ik wurkje benammen út myn eigen ûnderfining wei, mar ik besykje de taskôger der ál ta oan te setten om op in aktive wize syn eigen ûnderfinings en ferbinings yn te setten. Yn myn performances jou ik bygelyks in soad ynfloed oan de taskôger, sûnder dat dy it faaks trochhat. Dat is ek eat dat ik tenei graach útbouwe wolle soe, it idee fan de taskôger as ûnderdiel, as materiaal fan myn wurk.

Yn Fleeting Parts besykje ik de besiker earst yn fysike sin him ta myn wurk ferhâlde te litten, dêr’t úteinlik in persoanlik weromkennen troch ûntstiet. Foar my wurket it allinnich as dat in direkte, dúdlike konneksje is. As ik wat útlizze moat om dy konneksje te meitsjen, is it wurk wat my oanbelanget net slagge. Ik hâld fan simpele dingen dy’t goed wurkje. As der net te folle muoite yn sit, it in lytse, mar krekte kar is, dêr’t it fuort fan dúdlik is wêrom’t hieltyd in beskate kar dien is. Ik bin net goed yn it bouwen fan enoarme ferhalen, foar my kinne krekt de lytste realisaasjes de grutste útwurking hawwe.

AK: Hoe ferhâlde do en dyn wurk har ta in lokaasje?

MN: Ik wurkje graach site specific. It is yn oarder as de kontekst letter feroaret, mar in spesifike omtjouwing te hawwen om dêrútwei te begjinnen fyn ik wol hiel noflik. Ik ken de romte by Keunsthûs SYB bygelyks noch net sa goed en ik soe hiel graach mei de romte wurkje, mar tiid-technysk sil dat my diskear net slagje. Ik wol benammen in moaie tentoanstelling meitsje mei wurk dêr’t ik betrouwen yn haw en sjen nei hoe’t de romte him oan my presintearret, wat dy fan my freget en hoe’t ik dêrop reagearje kin, dêr mei omgean kin.

AK: Wat is dyn folgjende stap?

MN: Ik wol noch efkes wachtsje foar’t ik oan in master begjinne sil. Ik tink dat ik in protte nijs leare sil, no’t ik út it feilige fermidden fan de Rietveld kommen bin. Ik sil grif sa út en troch stroffelje en mistaaste, mar dat is learsum. Salang’t wurkje en leare harren boartlikens mar behâlde. It is tiid om myn eigen struktuer om yn te wurkjen, myn eigen ‘ynstelling’ te bouwen en dêr haw ik in hiel soad nocht oan!